Jonge held rôvet kompjûters

tongersdei 9 septimber 2010

BOOM – De jonges dy’t ferline wike tongersdei trije minsken út in baarnend hûs retten, binne net alle trije helden. Christopher van Boxum, Mike de Leeuw en Adil M. seagen dat in hûs yn Boom by Antwerpen yn ‘e brân stie. Se wisten twa bern en harren beppe út de flammen nei bûten ta te bringen.

Christopher en Mike lieten it by harren heldedie, mar Adil gie letter nochris werom nei it hûs ta, knipte it seil foar it heal ôfbaarnde hûs fuort en naam in pear laptops mei. Hy hat juster bekend.

De trije jonge rêders. (Foto: BFM)

Ek sjen:

  1. Aldman fertocht fan nuvere moard
  2. Jongelju rêde trije libbens
  3. Boeven frij troch minne kompjûters
  4. Jasper, de held fan flecht 253
  5. Jonge oppakt foar driichfilmke

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic