Jongelju rêde trije libbens
freed 3 septimber 2010BOOM – Yn Boom by Antwerpen ha trije jongelju justernacht twa bern en harren beppe út in baarnend hûs ret.
It trijespan soe om sigaretten doe’t se in bern roppen hearden. Se rûnen derhinne en murken dat der brân wie. Fluch bellen se de brânwacht. Mei help fan ien fan ‘e bern, dy’t in stoel troch it rút smiet, krongen se ta de wente yn en befrijden de twa bern – fan alve en fjirtjin jier âld – en harren beppe.
De heit fan ‘e bern wie ek yn ‘e hûs. Hy waard koart dêrnei troch de brânwacht befrijd. As iennichste is dy der min oan ta.
De brân is nei alle gedachten ûntstien troch in patatpanne dy’t te waarm wurden wie.
Ek sjen:








