Kim Geybels wol sit werom

tiisdei 7 septimber 2010

Kim Geybels

BRUSSEL – Kim Geybels, de N-VA-senator dy’t België ferline wike yn trewyn brocht troch hannel yn ferdôvjende middels, easket har sit yn ‘e senaat werom. Dat waard juster buorkundich.

“Volgens artikel 70 van de grondwet worden senatoren verkozen voor een periode van vier jaar. Dat maakt dat senatoren niet kunnen worden ontslagen”, sa seit frou Geybels har abbekaat. De N-VA soe har nei de ljirre tinge hawwe dat se har sit ôfjoech. Neffens de abbekaat hat se dat dien ûnder druk en is tastimming dy’t ûnder druk jûn is net rjochtsjildich.

De N-VA docht te witten dat frou Geybels net mear wolkom is by de senaatsfraksje en dat hja tenei byneed mar as ienmansfraksje fierder moat.

Ek sjen:

  1. Senaat: Geybels gjin lid mear
  2. Geybels klaget N-VA-top oan
  3. Cruijff werom by Ajax
  4. Baby Doc yn Haïty, wêrom werom?
  5. Bijleveld Komsaris Oerisel

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic