Leauwe wichtiger as hûdskleur

snein 5 septimber 2010

UTERT – Nederlanners fine hûdskleur net sa belangryk. Fierwei de measte negers yn Nederlân trouwe mei in blanke Nederlanner. Surinamers en Antillianen hawwe oer it generaal in protte Nederlânske freonen. Wat yn Nederlân wol foar skiedslinen yn de befolking soarget is godstsjinst. Minsken mei in frjemde godstsjinst, lykas de islam, binne tige op de eigen groep oriïntearre en trouwe hast altyd mei ien dy’t deselde godstsjinst oanhinget.

It boppesteande docht bliken út in ûndersyk fan sosjologe Borja Martinovic, dy’t dêr meikoarten op promovearret oan de Universiteit Utert. Hja hat Nederlân ferlike mei de Feriene Steaten en konstatearret dat der tusken de twa lannen in grut ferskil bestiet. Yn de FS is hûdskleur tige wichtich: negers trouwe hast altyd mei oare negers, blanken mei oare blanken en wat lichter oft de hûdskleur is, wat grutter de kâns is dat ien mei in blanke partner trout. Yn Nederlân trouwe Turken en Marokkanen, dy’t in folle lichtere hûd hawwe as Surinamers en Antillianen, komselden mei autochtoane Nederlanners.

Neffens perfester Frank van Tubergen, frou Martinovic har promotor, ferklearret de skiednis fan de FS de grutte rol dy’t hûdskleur dêr spilet. Negers wienen dêr slaven en de relaasje tusken blank en swart is dêrtroch tradisjoneel hiel grut. Nederlân hat altyd al ‘ferpyldere’ – opdield neffens libbensoertsjûging – west en hat nea grutskalich rasisme hân. De earste swarte ymmigranten wienen Surinamers, dy’t deselde taal en godstsjinst hienen as de Nederlanners en sûnder problemen yn ‘e religieus ynrjochte Nederlânske struktueren opnommen waarden.

Boppedat wenje Amerikaanske negers trochstrings relatyf isolearre fan de blanke mearderheid, yn aparte streken en wiken. Se komme dêrtroch folle minder as Nederlânske minderheden mei de mearderheidsbefolking yn kontakt. Dat makket it minder wierskynlik dat in blanke in swarte houlikspartner treft en omkeard.

Van Tubbergen tinkt dat minsken yn Amearika ek net sa faak trouwe mei ien dy’t in oar leauwe oanhinget, mar dat sa’n kultureel ferskil dêr minder as in prinsipeel beswier sjoen wurdt omdat de skieding neffens hûdskleur yn ‘e FS sa opfallend is.

Ek sjen:

  1. Sterk is wichtiger as kreas
  2. Ateïsten witte it meast
  3. Wy binne fan natuere religieus
  4. Klimaatferoaring, wat moatte wy no noch leauwe?
  5. KPN ferkeapet iPhones

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic