Leien hâldt syn Latynske bul
tongersdei 2 septimber 2010
LEIEN – Diploma’s fan de universiteit Leien bliuwe yn it Latyn. De universiteit woe de ieuwenâlde tradysje ôfskaffe en fakulteiten de mooglikheid jaan om Nederlânsktalige of Ingelsktalige bullen te jaan. Dêr kaam lykwols safolle ferset tsjin dat it universiteitsbestjoer besletten hat om it Latyn te hanthavenjen.
It beslút om it Latyn ôf te skaffen hie in praktyske eftergrûn: de wet lit net langer ta dat de fakken en kursussen dy’t in studint folge hat op in taheakke steane. Dy moatte op it diploma sels stean. Omdat de fakken hast altyd in Nederlânske of Ingelske namme hawwe, wie dat makliker as bygelyks “Theater en filmanalyse” en “Applied computational molecular biology” yn it Latyn oer te setten.
Ek sjen:
- Frysk leare kin ek yn Leien Al sûnt 1950 hat de Universiteit Leien yn de mande...
- Súd-Hollânske universiteiten wolle fusearje LEIEN – It geroft gie al in skoftsje, mar no...
- Nije opset gymnasium DE HAACH – It gymnasium hâldt syn fakken Gryksk en...
- Stúdzje Frysk ferdwynt út Grins GRINS – De stúdzje Frysk ferdwynt oan de Ryksuniversiteit yn...
- It bêste stik húsrie LEIEN – “Sa hat it sitten,” sei it âldwyke en...








