Maatskiplike solidariteit
tongersdei 2 septimber 2010
Nei de befrijing yn 1945 wie der in grutte iensens yn ‘e maatskippij*. Yn ’e drege jierren fan ‘e besetting hiene earm en ryk, grou en fyn, ommers likefolle lit fan ûnderdrukking en honger. En de minsken wiene sa bliid dat se wer goed iten en waarme klean hiene. Sa koe ek it sosjale systeem ûntstean dêr’t wy no fan profitearje.
Stadichoan is dat fielen lykwols op ’e eftergrûn rekke. It draait yn ’e maatskippij no faak allinne om hawwen en krijen, is it net troch fûl arbeidzjen, fakkennis en goede bedriuwsfiering, dan wol troch slûchslimme manipulaasje, bedroch of misdied.
Sa ûntstiet in hieltyd gruttere ûntefredenens en dat uteret him yn politike ûnrêst. De stimmewinst fan ‘e PVV is dêr grif in utering fan, mar der kin aanst likegoed in nij kommunisme ûntstean, as de grouwels dêrfan lang genôch lyn binne.
Soene wy dêrom mar net leaver op ’e tiid wer wat mear moederaasje mei-inoar hawwe?
Pyt
*De Dútsers en harren helpers hiene wy dêrby efkes yn it jiskefet dien.
Ek sjen:









Erwin
2 septimber 2010 16:45
Ik sjoch safolle Nederlânske flaggen op ‘e foto en gjin Fryske, seker yn 1943 naam? Of soe it in mooglik takomstbyld wêze as de PVV oan ‘e macht komt?
loffiis
3 septimber 2010 09:43
It is ek part of gefolch fan ‘t systeem. Ommers, de polityk sels hat der belangen by om it folk te ferdielen en sa stimmen te winnen foar harren eigen idealisme.
pyt
4 septimber 2010 08:51
Guon wiene yn ’45 mear befrijd as guon oaren, mar dat wisten wy doe noch net. Us mem naaide in flagge fan in reade bûsdoek, in stik lekken en in broekslape. Dy stie fûl te wapperjen op’e homeie. Dy flagge wie doe in teken fan frijheid. Efkes letter yn Indië wie it al wer in symboal fan ûnderdrukking, en gau ek foar gâns Friezen. Dêr feroaret in nije regearing neat oan.
loffiis
4 septimber 2010 11:30
Tank Pyt foar dy útlis.. Ik hie noch nea neitocht oer dat in flagge sawol symboal fan frijheid as ûnderdrukking wêze kin. Bin te jong fansels om fan wiere ûnderdrukking te witten en ken it allinnich as symboal fan feest en nasjonalisme.
roel
24 septimber 2010 16:05
Ja Pyt, kultuer feroaret. Dêrom moat de fersoargingssteat ek meiferoarje. Fan falnet is de fersoargingssteat in hingmatte wurden, de sjêne om gebrûk te meitsjen fan foarsjennings en de tige hurde arbeidsmentaliteit is ferdwûn. It systeem moat perfoarst net lúkser makke wurde.
Loffiis
24 septimber 2010 20:36
@roel Hast sels wolris mei de “hingmatte” te krijen hân, Roel, of is dit in kwestje fan “ûnder in steand seil is it maklik kloetsjen”?