Mantsjefisk freget paad net

woansdei 8 septimber 2010

ST. ANDREWS – Manlike toarnderkes binne bytiden sa dwers as in kroade. As de fiskjes ridzich binne, dan wolle se alles sels útsykje en nimme se neat fan in oar oan. Dat hawwe de Skotske biologen Mike Webster en Kevin Laland ûntdutsen.

Webster en Laland hawwe de toarnderkes wiidweidich en yngeand bestudearre. De fiskjes binne almeast freonlik, selsskipsswiet en goed fan oannimmen. Se wikselje wakker ynformaasje út oer bygelyks goede plakken om fretten te finen.

Hommels en dwers

Mar as de mantsjefisk sin kriget om te pearjen, dan wurdt it hommels en dwers oars. Hy harket net mear nei de ynformaasje fan oare fisken en giet lykme-allinnich op jacht. Opfallend is dat dat ek nochris in soad fertuten docht.

De wyfkes dogge it krektoarsom as se oan it ridzjen ta binne. Hja nimme yn dy tiid kritykleas ynformaasje fan oare fisken oan en bliuwe altyd ticht by de iezem. Nei alle gedachten meitsje de aikes it wyfke yn sokke tiden kwetsberder foar rôfbisten en nimt se dêrom de beskerming fan de groep foar kar.

Slim ienselvich troch hormoanen

De mantsjes moatte lykwols yn dy tiid fretten garje om har neiteam skielk yn libben hâlde te kinnen. Laland seit: “It oernimmen fan ynformaasje fan oaren is in feilige en maklike manier om fretten te finen, mar ynformaasje dy’t men sels fûn hat, is altyd betrouberder. De hormonale feroarings dy’t meitsje dat it mantsje ridzje wol, soargje der faaks foar dat er slim ienselvich wurdt.”

“Wy kenne allegear it stereotype byld fan manlju dy’t it ferpoffe en freegje it paad,” heakket Webster deroan ta. “Dat kin ek foar fisken opgean, mar dan inkeld as se har derop klearmeitsje om jongen oan te setten.”

Ek sjen:

  1. Wêrom is myn goudfisk lilk?
  2. Sa fine fûgels it paad!
  3. Plysje freget help by IKEA-oanslaggen
  4. Nij gelegenheidstrio op ’en paad
  5. 400 miljoen jier seks

1 reaksje op “Mantsjefisk freget paad net”


  1. Nynke
    8 septimber 2010 23:46

    Haha, net mannen (van mensen)!!! :) ;)

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic