Moanne fan it Platdútsk

snein 5 septimber 2010

AUWERK – Yn East-Fryslân is dit wykein de jierlikse moanne fan it Platdútsk begûn. Mei allegear aktiviteiten wol de Ostfriesische Landschaft minsken wize op it bestean en it belang fan it Nederdútsk fan de streek, en harren derta bewege om safolle mooglik de streektaal te brûken. It biedwurd is dit jier “Platdútsk makket tûker” en wol ûnderstreekje dat minsken har geastlik en kultureel mear ûntwikkelje as se as bern twa talen leare.

De Eastfryske radiostjoerder Radio Jade, oars benammen Heechdútsktalich, stjoert ta gelegenheid fan de aksjemoanne alle freden yn septimber syn nijsberjochten yn it Platdútsk út.

Klik hjir foar in reportaazje fan Ostfriesen.tv oer de aksjemoanne.

Ek sjen:

  1. Utstalling oer Platdútsk OSTRHAUDERFEHN – It Platdútsk of Nederdútsk, de streektaal fan East-Fryslân,...
  2. Talefilmkes Sleeswyk-Holstein KIEL – De oerheid fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein hat yn...
  3. Platdútsk ynstitút bliuwt bestean SLEESWYK – In “goed nijjiersboadskip foar alle Platdútskpraters” sei it...
  4. De Moanne laket De Moanne is in prachtich blêd. Om te sjen, teminsten....
  5. It nije nûmer fan de Moanne Op 18 septimber, ferskynt it nije nûmer fan de Moanne....

1 reaksje op “Moanne fan it Platdútsk”


  1. loffiis
    5 septimber 2010 19:26

    Nah, moai ferske dan, om dat te fieren. It is noch gjin krysttiid mar dan hawwe jim him mar fêst:

Realisaasje: Pronamic