Nederlânsk yn grûnwet

freed 3 septimber 2010

DE HAACH – It demisjonêre regear hat hjoed besletten dat it noch besykje wol om it Nederlânsk yn ‘e grûnwet te krijen as offisjele taal fan Nederlân. Yn de grûnwet wurdt fêstlein dat elkenien it rjocht hat om yn it Nederlânsk mei de oerheid te kommunisearjen. De besteande posysje fan it Frysk as amtlike taal wurdt ek yn ‘e grûnwet fêstlein.

Mei syn motivaasje foar it wetsútstel sette it regear it Frysk fuort op in janpoepsplak: “Het Nederlands is voor alle Nederlanders de gemeenschappelijke taal en de hoofdtaal”, sa stie yn in parseberjocht fan it regear te lêzen.

De grûnwet sil neffens it parseberjocht ek wat sizze oer it Papiamento en it Ingelsk, de omgongstalen yn de nije Nederlânske gemeenten Bonaire, Sint Eustatius en Saba – no noch ûnderdiel fan de Nederlânske Antillen.

Oft de grûnwetswiziging dertroch komt, is ûnwis. De proseduere is lang en dreech. De beide Keamers moatte der earst oer stimme. As in mearderheid foar stimt, dan moatte nei de ferkiezings beide Keamers nochris stimme. Dan moat twatreddepart fan ‘e Keamerleden foar stimme.

Ek sjen:

  1. Papiamintsk yn de grûnwet?
  2. Fryske taal yn Dútske grûnwet
  3. Opskuor om nije Ongerske grûnwet
  4. Marokko: Protest nije grûnwet
  5. Elk koe meiprate oer de Iislanner grûnwet

2 reaksjes op “Nederlânsk yn grûnwet”


  1. Erwin
    3 septimber 2010 22:05

    Ja, moai dom berjocht. It Nederlânsk is foar alle NEDERLANNERS de mienskiplike taal.

    Neffens jim Ramtferdrach
    http://itnijs.nl/2010/09/ramtferdrach-oersetten/
    binne de Friezen as folk erkend. No dan is dat argumint fan alle Nederlanners dus net mear fan tapassing op de Friezen. Moai, no?


  2. Nynke
    4 septimber 2010 20:17

    @Erwin: jij bent soms wel wat radicaal. Heb jij geen Nederlands paspoort? Begrijp me niet verkeerd, ik ben ook een oprjochte Fries, maar ik houd ook veel van Nederland en ik ben er ook één. (Nederlander)

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic