Needtastân yn Australië

snein 5 septimber 2010

MELBOURNE – It suden fan Australië is troffen troch de slimste oerstreamings fan de ôfrûne fyftjin jier. De skea is mear as tsien miljoen Australyske dollar. Yn Melbourne, de haadstêd fan de dielsteat Victoria, waard de needtastân ôfkundige.

Sa’n 250 huzen steane ûnder wetter en mear as fjirtichtûzen húshâldings sitte sûnder elektrysk. It slimste is noch benefter – de oerstreamings kinne noch dagenlang trochgean. Benammen de stêden Shepparton en Horsham binne faai.

Hûnderten húshâldings hâlde har de lea stikken. De wâlskanten fan ‘e grutste rivieren yn Victoria steane op it punt fan beswiken troch it oanhâldende reinwetter yn in noarden en westen fan de dielsteat.

Ek sjen:

  1. Australië baarnt PERTH – Australië is no just net fortúnlik de lêste...
  2. Needtastân yn Tunesië TUNIS – De Tunesyske presidint Zine al-Abidine Ben Ali hat...
  3. Famke teheisteret Australië De swierrichheden mei de oerstreamings yn Australië binne noch lang...
  4. Bangkok faai troch wettersneed BANGKOK – Troch oanhâldende swiere reinbuien streame yn Tailân rûnom...
  5. Iisberch driuwt nei Australië In gigantyske iisberch fan 140 kante kilometer grut driuwt yn...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic