Net-riken lokkich mei jild
woansdei 8 septimber 2010Jild makket lokkich. Dat sizze twa foaroansteande Amerikaanske ekonomen. Mar dat jildt net foar minsken mei hiele hege ynkommens. Wa’t sa’n 4900 euro yn ‘e moanne fertsjinnet, wurdt net lokkiger fan noch mear jild.
It Amerikaanske wittenskiplike tydskrift Proceedings of the National Academy of Sciences hat koartlyn in ferslach publisearre fan in ûndersyk dat sjen lit dat jild soms wol lokkiger makket. Nobelpriiswinner Daniel Kahneman en syn kollega Angus Deatun hawwe yn 2008 en 2009 it loksgefoel fan 450 tûzen Amerikanen ûndersocht.
De ûndersikers konkludearje dat mear jild wis wol lokkiger makket. Oant in ynkommen fan sa’n 4900 euro yn ‘e moanne (sa’n 58.600 euro yn it jier). Boppe dat bedrach kin jild minsken net mear safolle skele. Se sille der net folle muoite foar dwaan om noch mear te fertsjinjen en wurde ek net lokkiger as se mear krije.
Ek sjen:








