Nij Grutfrysk wurdboek
woansdei 8 septimber 2010
FLENSBURCH – Perfester Volkert Faltings fan de universiteit yn Flensburch hat in Frysk wurdboek makke mei mar ien wurdsoarte: eigenskipswurden. Dat binne wurden lykas grien, grut, fluch en nijsgjirrich.
Fan elk wurd jout Faltings de farianten yn de Noardfryske dialekten, it Sealterfrysk en fansels yn it Westerlauwersk Frysk. Dêrnjonken jout er, sa’t de titel fan syn wurdboek al oanjout, fan elk eigenskipswurd de etymology (it komôf) oan. Hy jout ek oan hoe’t de betsjutting fan wurden him yn ‘e rin fan ‘e tiid ûntwikkele hat en hoe’t de wurden brûkt wurde kinne.
Faltings syn boek is ek as e-book te besetten.
Hjir besprutsen: Volkert F. Valtings, Etymologisches Wörterbuch der friesischen Adjektiva. Berlyn/New York: Walter de Gruyter. 690 siden. ISBN 978-3-11-023135-9. Priis: 99,95 euro.
Ek sjen:









Erwin
8 septimber 2010 20:12
In Ynterfrysk wurdboek yn it Dútsk?
Anonym
8 septimber 2010 21:04
It Interfriisk Lexikon set ek oer nei it Dútsk en dêrneist ek nei it Hollânsk en it Ingelsk. Om it wurdboek foar alle Friezen brûkber te meitsjen is Dútsk wol in logyske kar.