Omdieling yn Dongeradielen

tongersdei 2 septimber 2010

DOKKUM – Earmelju kinne yn Dokkum tenei om in jûne byt. Yn ‘e eardere Boumanskoalle is in saneamde ‘voedselbank’ ûnderbrocht, dêr’t de alderskeamelste ruters fan freed ôf wat te iten helje kinne. Tsien húshâldingen yn ‘e Dongeradielen binne neffens de lju fan ‘e bank earmernôch dat se der teplak kinne. Gâns oaren, dy’t krekt wat minder earm wienen, hawwe har al omdôch oppenearre.

Der binne yn Nederlân mear plakken mei sa’n ‘voedselbank’. Se krije it iten fan in distribúsjekantoar yn Rotterdam.

Ek sjen:

  1. Earm yn kanaal is fan Lanaker (update) GEULLE – De plysje hat sneon yn it Julianakanaal by...
  2. Ien op de sân Amerikanen hat te min iten Mear as 49 miljoen Amerikanen, ien op ’e sân, hie...
  3. Samar even: In moaie útspraak Op Facebook wurdt in protte oanelkoar trochstjoerd. Ek Fryske foto’s,...
  4. Fryske tsjerketsjinsten 14 augustus 2011 Burgum Krústsjerke, 19.00 o., ds. A. Elverdink Dokkum De Fontein,...
  5. Dommer troch ûngesûn iten BRISTOL – Bern dy’t ûngesûn ite, moatte dat letter yn...

3 reaksjes op “Omdieling yn Dongeradielen”


  1. pizzabakker
    3 septimber 2010 19:00

    Is hjir immen dy’t soms wyt
    Wat bedoeld wurdt mei ‘jûne byt’?


  2. loffiis
    3 septimber 2010 19:08

    Ik tink waarm iten. Dat ‘byte’ de measte minsken noch altiten jûns. In ‘byt’ kin ek ‘hap’ betsjutte.


  3. Lútsen
    3 septimber 2010 20:05

    Ja, krekt. Wy hawwe ommers ek it wurd ‘flaubyt’ foar in ‘hartige hap’. Sa kinst ek in ‘swiete byt’ nimme. In ‘jûne byt’ is in hiel moaie oersetting foar ‘voedselverstrekking’. Oars, it is skoof en skande dat soks yn in ryk lân as uzes nedich is.

Realisaasje: Pronamic