Poaierbinde oppakt

tiisdei 7 septimber 2010

DRACHTEN – De plysje hat moandei in binde fan fraudeurs en yllegale poaiers oppakt. De binde wie yn Fryslân en Drinte warber.

By ynfallen yn Drachten, Appelskea, Swiggelte en Assen binne fjouwer manlju fêstnommen. Hja wurde fertocht fan it wytwaskjen fan yllegaal jild, lidmaatskip fan in kriminele organisaasje, minskeslûkerij en minskehannel.

Der waarden by harren ûnderskate bûtenlânske hoerkes oantroffen. Op syn minst ien fan harren ferbleau yllegaal yn Nederlân.

Neffens de plysje hold de binde him net allinnich dwaande mei eskortservices, mar ek mei yllegale stille hûzen.

Ek sjen:

  1. Ferrifelderij mei rydeksamen TALLINN – De plysje fan Estlân hat in binde oppakt...
  2. Twa fertochten IKEA-oanslaggen oppakt WARSCHAU – De Poalske plysje hat twa manlju oanholden dy’t...
  3. Wer in rare Noar oppakt OSLO – De Noarske plysje hat freed in 33-jierrige man...
  4. Brusselske moardner oppakt BRUSSEL – De plysje hat de man oppakt dy’t juster...
  5. Strjitmakker pakt ynbrekker DRACHTEN – De plysje fan Drachten hat freed in 15-jierrige...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic