Priis foar oersette literatuer

moandei 6 septimber 2010

AMSTERDAM – Fjouwer kulturele organisaasjes hawwe in nije jierlikse literatuerpriis yn it libben roppen. De priis is ornearre foar in boek dat út in Europeeske taal yn it Nederlânsk oerset is. Dat waard sneon op it literêr festival Manuscripta yn Amsterdam buorkundich makke.

De priis wurdt útjûn troch Spui25, it tydskrift De Groene Amsterdammer, it Nederlands Letterenfonds en de Amsterdamske boekhannel Athenaeum. Hy bestiet út twa dielen: tsientûzen euro foar de skriuwer en 2.500 euro foar de oersetter fan it boek. In faksjuery kiest de boek út in groslist dy’t opsteld wurdt troch tweintich grutte boekhannels yn Nederlân en Flaanderen.

Ek sjen:

  1. Libris-skiednispriis foar Jaap Scholten AMSTERDAM – De Libris Geschiedenis Prijs is dit jier takend...
  2. Britske priis foar boek oer Mao LONDEN – De Nederlânske histoarikus Frank Dikötter hat mei syn...
  3. LOT-priis foar taalskiednis UTERT – Wêr komt taal wei? Yn syn boek Dageraad...
  4. Librispriis foar Yves Petry AMSTERDAM – De Flaamske skriuwer Yves Petry hat moandei de...
  5. Tzum-priis foar Lanoye GRINS – Skriuwer Tom Lanoye hat de jierlikse Tzum-priis fan...

2 reaksjes op “Priis foar oersette literatuer”


  1. Magda
    25 jannewaris 2012 02:55

    Thanks for contributing. It’s helped me udnestrnad the issues.


  2. Cees
    25 jannewaris 2012 18:15

    @xlhzuju: is dit Klingon of sa?

Realisaasje: Pronamic