PVV wol dochs trochprate
tiisdei 7 septimber 2010DE HAACH – De PVV wol wer trochûnderhannelje mei de VVD en it CDA oer it foarmjen fan in regear. Dat hat de PVV-fraksje hjoed yn ienriedigens besletten, sa hat fraksjefoarsitter Geert Wilders buorkundich makke.
De PVV wol wer prate om’t Ab Klink de CDA-fraksje ferlitten hat. Neffens Wilders wie Klink de “belangrijkste criticaster” by it CDA en hie Klink “het vertrouwen beschaamd”. Wilders hat VVD-lieder Mark Rutte en CDA-ûnderhanneler Maxime Verhagen te witten dien dat der om him in nij petear mei de trije partijen komt.
De Keamerfraksjes wienen net allegear wiis mei de foarstap dy’t de PVV dien hat, benammen om’t bekend is dat keninginne Beatrix in nije ynformateur oan it sykjen wie. Femke Halsema fan Grien Links ferlike Wilders mei in ferfelend bern en André Rouvoet fan de ChristenUnie sei dat de PVV him jinsen de keninginne tige ûnfetsoenlik holden en droegen hie.
Ek sjen:








