Russyske minister: mear smoke
tongersdei 2 septimber 2010MOSKOU – Ynwenners fan Ruslân moatte mear smoke en mear drinke. Dat sei de Russyske minister fan finânsjes Aleksej Koedrin woansdei. Mear konsumpsje liedt nammentlik ta mear belestingynkomsten foar de steat. Dy kin dêrtroch wer mear útjaan oan sosjale wissichheid. “Minsken moatte begripe dat se troch te smoken en te drinken de Russyske steat stypje,” sei Koedrin. “Wa’t in pakje sigaretten smookt, wurket mei oan it bestriden fan sosjale problemen.”
Yn Ruslân wurdt al bûtenwenstich smookt en sûpt. Sa’n 65% fan de Russyske manlju smookt en it jierlikse drankferbrûk fan de trochhinne Rus is 18 mingel. De prizen fan drank en tabak binne tige leech trochdat de steat mar in hiele lege aksyns heft. In pakje filtersigretten kostet yn Ruslân likernôch 1 euro.
Ek sjen:








