Rutger Hauer en Sea Shepherd
woansdei 8 septimber 2010
Mei sjongster Charlie Dée en de gitarist George Kooymans fan de Golden Earring sil de akteur Rutger Hauer in stipekonsert jaan foar de aktivistyske miljeuorganisaasje Sea Shepherd. De organisaasje brûkt ûngewoane manieren om ûnder oaren de Japanske walfiskfarders tsjin te hâlden, sûnder dêrby geweld te mijen.
Hauer, earelid fan de organisaasje, sil syn gasten ûnder ‘A Night for the Oceans’ tasprekke, sa’t ek de oprjochter fan Sea Shepherd Paul Watson dwaan sil. Dée en Kooymans jouwe tegearre in optreden. Kooymans hat earder tegearre mei de Amerikaanske artyst Frank Carillo in plaatsje opnaam foar Sea Shepherd. Kaarten foar it barren yn Amsterdam op 12 septimber kostje € 100 it stik. De Nationale Postcodeloterij stipet it evenemint.
De boaten fan Sea Shepherd ha de lêste moannen faak yn botsing west mei Japanske walfiskfarders. Yn 2008 soenen trije Japanske walfiskjeiers ferwûne rekke wêze doe’t leden fan Sea Shepherd stjonkend soer op har boat smieten.
Letter waard by in botsing it boechbyld fan Sea Shepherd, it moderne skip Ady Gil, fernield. Watson wurdt ynternasjonaal socht.
De boaten binne benammen dwaande yn de wetters rûnom Japan. Dit lân makket noch altiten jacht op mei útstjerren bedrige walfisken. Sels sizze se dat it giet om wittenskiplik ûndersyk, mar neffens in protte kritisy wurde de bisten allinne fongen om opiten te wurden.
Twa boaten fan Sea Shepherd farre ûnder de flagge fan Nederlân. Dit is demisjonêr minister Camiel Eurlings (CDA) min nei it sin, hy wol mear mooglikheden hawwe om de boaten de Nederlânske flagge ôf te nimmen.
Ek sjen:








