Sarrazin kriget dochs dien
tongersdei 2 septimber 2010
Thilo Sarrazin
FRANKFURT – Thilo Sarrazin kriget dochs dien by de Dútske Bundesbank. Dat hat de bank hjoed buorkundich makke. Sarrazin krige de ôfrûne dagen in soad krityk omreden fan syn nij boek Deutschland schafft sich ab en útspraken dêroer yn it iepenbier. Hy wol ûnder oaren dat Dútslân tenei allinnich mar tûke bûtenlanners talit. Hy hat fierders sein dat der in joadsk gen bestiet en dat de islam yntegraasje fan bûtenlanners yn Dútslân opkeart. Yn it polityk-korrekte Dútslân is dat foar in bankbestjoerder bûten alle roai.
Ek sjen:








