Scheringa komt werom
snein 5 septimber 2010Dirk Scheringa, fan de fallite bank DSB, wurdt wer bankier. Scheringa seit dat er frege is om mei te wurkjen oan it oprjochtsjen fan in ynternetbank. Neffens Scheringa is er slachtoffer fan in komplot fan de oerheid tsjin syn bank.
Der ferskine meikoarten in boek (‘Homerus’) en in film oer it libben fan Dirk Scheringa. By beide produksjes hat er sels behelle west.
Ek sjen:









Erwin
6 septimber 2010 08:32
Hy mocht syn hûs hâlde en dat sil wol ôfbetelle wêze. Fierders leau ik wol dat er ek in lyts part fan syn kapitaal hâlde mocht. Syn boek, it wie te ferwachtsjen, sil aardich wat jild opsmite. Dêrneist krijt er ek wol wat jild yn ‘e bûse foar syn lêzings. No wurdt Scheringa frege om mei te wurkjen oan in ynternetbank. Sjoch, it koe wol minder mei dizze man.
Durk
6 septimber 2010 15:03
Neffens Scheringa is hy slachtoffer fan in komplot fan de oerheid. In soad minsken binne slachtoffer fan syn komplotten!!
merkbiter
6 septimber 2010 19:04
As Scheringa mei syn nije ynternetbank begjint ,dan sil er it wol oars oanpakke moatte as destiids mei syn DSB. Hy krûpt no krekt as dhr Wilders yn de slachtofferrol, en it sil my benije oft der minsken binne dy ‘t (wer) mei dizze man yn see wolle. Jou mý dan mar in âlde sok!!!!!!
Anonym
6 septimber 2010 20:29
Yn de LC stûn niiskrektsa dat men jins jild it bêste ynvestearje kin yn isolaasje foar de spoumuorre. Dat fertsjinnet men rêder werom as hoenear’t men it op ‘e bank sette soe.