SGP stipet CDA-VVD-PVV

tongersdei 2 septimber 2010

DE HAACH – In mooglik regear mei CDA-VVD-PVV kriget duldstipe fan de SGP. De lytse otterdoks-griffermearde partij hat as tsjinprestaasje betinge dat de regearingspartijen net akkoart gean mei typyske saken dêr’t de SGP “etyske” beswierren tsjin hat, lykas eutanasy foar slim sike minsken.

Troch de stipe fan de SGP, dy’t twa sitten yn de Twadde Keamer hat, krije de regearingspartijen 78 sitten yn dy Keamer. Dat makket dat ien of twa CDA’ers har stipe oan it kabinet ûnthâlde kinne.

Yn de Earste Keamer hat de nije kombinaasje lykwols noch altyd gjin mearderheid. De regearingspartijen komme dêr ien sit tekoart. Der wurdt al oer spekulearre dat senator Hendrik ten Hoeve – FNP-lid – dêr gebrûk fan meitsje kin.

Ek sjen:

  1. Keamer stipet CDA-VVD-PVV-regear DE HAACH – De folsleine CDA-Twadde Keamerfraksje hat juster stipe...
  2. VVD stipet eigen blasfemywet net DE HAACH – De VVD-fraksje yn ‘e Twadde Keamer wol...
  3. SGP stipet nij regear DE HAACH – It nije regear dat op it stuit...
  4. Gjin rjochtse Keamermearderheid DE HAACH – Ien CDA-Keamerlid hâldt him om prinsipiële reden...
  5. Foarriedige gearstalling Earste Keamer DE HAACH – Sa’t it no liket, helje de Nederlânske...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic