Strafrjocht is frijwat behyplik
moandei 6 septimber 2010
NIMWEGEN – Strafrjochters, ofsieren fan justysje en resjersjeurs hawwe in gruttere kâns as oare minsken om flaters te meitsjen as se de wierheid sykje.
De kâns dat se flaters meitsje wurdt yn de rin fan harren karriêre ek hieltyd grutter trochdat se der nea efter komme dat se earder in flater makke hawwe. Se kinne der dêrtroch net fan leare. Benammen yngewikkelde strafsaken kinne sa in lotterij wurde. Dat konkludearret Ton Derksen, perfester mjirkes yn ‘e wittenskipsfilosofy, yn syn learboek De ware toedracht, dat freed ferskynd is.
Se leauwe net dat tafal bestiet
Juristen en plysjeminsken hawwe net leard hoe’t se op in wittenskiplike manier efter de wierheid komme moatte. De empiryske metoade is harren net fertroud en dêrom brûke se yn strafsaken ‘deistige’ metoaden om efter de wierheid gewaar te wurden. Dy binne neffens Derksen tige ûnbetrouber.
Flaters dy’t op ‘e loer lizze, binne: leauwe dat dingen op in beskate manier gien binne en dêr net mear fan ôfstappe kinne, de oanstriid hawwe om oeral oarsaken en bedoelings yn te sjen, net akseptearje dat dingen tafallich binne en minsken dy’t in bekentenis ôflizze te maklik leauwe. Fierders bestiet der ûnder minsken dy’t mei strafrjocht te krijen hawwe soks as it ‘magysk each’: it idee dat men sels goed yn steat is om te sjen oft in oar de wierheid seit. As in fertochte senuweftich is of in oare kant út sjocht, dan tinke in protte funksjonarissen al gau dat sa’n ien wol lige sil.
Aldere plysjes binne minder goed
Funksjonarissen yn it strafrjocht komme der hast nea efter dat se sokke flaters meitsje. Ommers, frijsprutsen dieders swije en minsken dy’t ûnskuldich feroardiele binne, wurde net leaud. Troch in juridysk hege drompel komt it net folle foar dat strafsaken oerdien wurde. Al dy saken meitsje dat justysjeminsken te’n ûnrjochte in grut betrouwen yn har eigen ynskattingsfermogen opbouwe. Dat is bewiisd: ûndersyk hat sjen litten dat yn it sâlt bebiten resjersjeurs minder goed bysteat binne om te sjen oft minsken lige as begjinnende plysjes.
Ek sjen:
- Befeiliging by Diginotar wie behyplik BEVERWIJK – It bedriuw Diginotar, dat ûnder oaren ferskate Nederlânske...
- Drugstest yn ferkear Bestjoerders dy’t drugs brûkt hawwe, wurde oer in jier like...
- Wy binne fan natuere religieus OXFORD – It leauwe yn goaden en libben nei de...
- Aksje foar feilich autoride LELYSTÊD – Hannen hearre oan it stjoer en net oan...
- Misdiediger wurdt sa berne PHILADELPHIA – Misdiedigers hawwe faak in oar brein as fetsoenlike...








