Strjitfestival yn Bräist
snein 5 septimber 2010
BRÄIST – Op snein 12 septimber wurdt yn Bräist in strjitfestival holden mei as tema meartaligens. Oanlieding is it 40-jierrich bestean fan de provinsje (‘Kreis’) Noard-Fryslân.
De dei begjint mei in Dútsk-Frysk-Platdútske tsjerketsjinst yn de St. Nikolai-tsjerke. Op it program stiet fierder strjittoaniel, muzyk yn allegear stilen, dûns, in midsieuske merk, kreamkes mei hapkes, lêzingen oer nammen, gerjochten en taal, in springkessen en in rommelmerk. Der wurdt ek in kwis holden dêr’t men in fleantocht oer Noard-Fryslân mei winne kin.
De dei wurdt om 19.00 oere ôfsletten mei in grut meartalich koarkonsert yn de Gemeinschaftsschule. De tagong is fergees.
Ek sjen:








