Tjeenk Willink ynformateur
tiisdei 7 septimber 2010
Herman Tjeenk Willink
AMSTERDAM – Keninginne Beatrix hat Herman Tjeenk Willink fannijs beneamd as ynformateur. Hja lit har net yntimidearje troch Mark Rutte en Geert Wilders, dy’t de ôfrûne dagen besocht hawwe om de regy yn de ynformaasje oer te nimmen.
Tjeenk Willink is de neiste adviseur fan de keninginne en hat as bynammen “ûnderkening fan Nederlân”. Hy wie ein juny ek al ynformateur en hat no as taak krigen om de keninginne sa fluch mooglik op ‘e hichte te stellen fan de ûntstiene situaasje en de stappen dy’t no set wurde moatte om in regear te foarmjen.
Ek sjen:









