Wytsingeskip Thor te keap

freed 3 septimber 2010

GROU – It wytsingeskip Thor, boud út 15 miljoen iislollystokjes, is te keap. Bouwer Robert McDonald út Emmeloard hat it skip op ‘e Nederlânske hannelswebsite Marktplaats set. It skip giet nei de heechste bieder. McDonald wol de opbringst donearje oan in ynstelling dy’t him ynspant foar sike bern.

It skip Thor leit op it stuit by wettersportsintrum Aquaverium yn Grou, oan ‘e sneldyk fan it Hearrenfean nei Ljouwert. It is dêr foar elkenien te bewûnderjen. In wurdfierder fan Aquaverium jout McDonald grut gelyk: “As er it foar in moai bedrach ferkeapje kin, moat er dat fansels dwaan. De opbringst wurdt ommers goed bestege!”

Klik hjir om de advertinsje foar it skip op Marktplaats te besjen.

It wytsingeskip Thor, boud út 15 miljoen iislollystokjes. (Foto: ANP)


Ek sjen:

  1. De side Te keap yn Fryslân
  2. Boaskje mank de Big Macs
  3. Sâlt en redens, wa hat noch?
  4. In (lek) skip fan papier-masjee
  5. 20 tûzen euro feriten

1 reaksje op “Wytsingeskip Thor te keap”


  1. pizzabakker
    3 septimber 2010 18:58

    Der is al E 30.000 bean. Bêst in soad jild foar in boatsje.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic