Ytsteuring troch oergeunst
woansdei 1 septimber 2010
AUSTIN – Froulju kinne der net oer as in oare frou suksesfol is. Dat seit de Australyske ûndersiker Norman Li op basis fan syn ûndersyk. Li hat goed achthûndert froulju in rige foto’s fan oare froulju sjen litten. Hy betocht hieltyd in beskriuwing fan de frou op ‘e foto. As er de frou op ‘e foto beskreau as ambisjeus en suksesfol, dan joegen in protte froulju oan dat se ferlet fielden om op dieet. It uterlik fan de frou op ‘e foto makke dêrby net folle út – dy hoegde net perfoarst hiel klien te wêzen om de ôfslankreaksje út te lokjen.
Li tinkt dat de ferklearring evolusjonêr is. By Europeeske folken wurde froulju grouwer as se âlder wurde. In kliene mul makket dat froulju der jonger en oantrekliker útsjogge en dat jout harren mear kânsen om te oerlibjen en foar neiteam te soargjen. As in frou konfrontearre wurdt mei in frou dy’t sukses hat – op lykfolhokker manier – dan kriget se ympulsyf it ferlet om ôf te slankjen. Dat ferlet kin allegear gedrachssteuring teweibringe, lykas ekstreme meagerens (anorexia nervosa) en fretsucht (boulimia).
Manlju hawwe de ôfslankrefleks net. Dy waarden net oars fan de foto’s dy’t Li harren sjen liet. Homoseksuelen wienen lykwols in útsûndering: homoseksuele manlju hienen – krekt as froulju – de refleks wol, wylst lesbyske froulju him wer net hienen.
Neffens Li wie de refleks nuttich doe’t minsken yn lytske mienskippen libben – froulju reagearren op de pear suksesfolle froulju yn ‘e mienskip troch harsels oantrekliker te meitsjen. Hjoed de dei tilt it lykwols yn ‘e media op fan suksesfolle froulju en reitsje in protte froulju hielendal fan ‘e wiis, mei as gefolch dat se nuvere ytsteuringen ûntwikkelje.
Li en guon fan syn kollega’s hawwe in ferslach fan it ûndersyk publisearre yn it tydskrift Evolution and Human Behavior. Klik hjir om in gearfetting te lêzen.
Ek sjen:









