Fries nei de top

freed 2 septimber 2011

Hoewol’t de tocht tsjin kanker de Mont Ventoux op benammen in Drintsk inisjatyf is, stiet boppe-oan de dielnimmerslist in Fries: Gerben Harkema (38) fan de Jouwer.

Hoe komt dat sa?

Harkema: “Ik wurkje by de Rabobank Meppel-Stienwikerlân, neist Koga de haadsponsor. De jûns nei de ôftraap by ús op kantoar ha ‘k my fuortendaliks mar opjûn. En doe die bliken dat ik tafallich de earste wie.”

Komst  moarn ek as earste oan?

“Dêr giet it net om. De tiid wurdt net iens registrearre. It is om it foltôgjen fan de tocht te rêden, it berikken fan de top. It wurdt o sa’n striid, te ferlykjen mei de striid tsjin kanker. Dat is it idee derefter. Mar ik sil besykje de berch trije kear op te fytsen, fan alle mooglike siden. Dat dêrom hoopje ik de earste kear al by de foarsten te wêzen.”

Mar dus allinnich omdatst it noch drok hast, moarn. Hast der in protte foar treend, tink?

“Dat wol, ja. Ik bin yn febrewaris al út ein setten, doe’t it wer wat knap waar wurde, al wie it noch wol -2 °C. Mar it omheech fytsen is te uzes fansels net te trenen. Sadwaande ha ‘k nei de Posbank west, mar dêr bist fansels samar oerhinne. Folslein wat oars as it beklimmen fan de Mont Ventoux, dêr komt mar gjin ein oan. De Súd-Limburchske heuvels binne oars wol pittich. Dêrom ha ik dêr fan’t jier al in pear klassikers dien: de Amstel Gold Race en Limburchs Moaiste. En hjoed ha ik al efkes op ‘e top sjoen. Oer de maklikste kant.” Dat seit Harkema ek tsjin ien fan syn stipers dy’t ûnder it fraachpetearke skillet om ris te hifkjen hoe’t it allegearre giet.

In soad dielnimmers ha noch immen op ‘e pakjedrager sitten, wurdt hjir sein: famylje of freonen mei kanker.

“Ikke gelokkich net. Mar de frou en ik ha wol wat mei goeie doelen. Sy is fûnswinner foar ûntwikkelingsorganisaasje World Servants; dat wy sitte beide yn de finânsjes. Sadwaande bedarren wy okkerjiers yn Malawi. Dêr bin ik ris skille troch Omrop Fryslân. Ik ha de telefoan doe efkes oan in Malawiaan jûn, dy’t yn krytgeef Frysk ‘Mei ik jo wat freegje? Doge jo wol?’ sei. Hienen we in wike op oefene.” Harkema skuort him de bûsen út. “Fia World Servants rekken we ek belutsen by Haïty. Om de lokale helporganisaasje BHM te stypjen ha wy sels BHM-Nederland oprjochte. Nei de ierdbeving dêre skille Omrop Fryslân my wer. Op it fraachpetear foar de radio folgen in protte reaksjes en allerhanne aktiviteiten, ûnder oaren in benefytkonsert. Al mei al is der doe twa en in heale ton troch ús stifting foar Haïty ophelle.”

Dat, do wurdst noch in ferneamde Fries.

“Suver al. Oare wike sit ik by ‘Lekker ite mei Reitse’.”

Mar earst moat it moarn heve.

“Oft ik trije kear helje, wit ik net. Foar de fierdere tarieding nim ik no earst noch mar efkes lins yn it swimbad, hjirre.”

Gerben Harkema rette him fan ‘e middei ta op de dei fan moarn. © Foto: It Nijs

4 reaksjes op “Fries nei de top”


  1. Nynke
    2 septimber 2011 22:12

    Super wat jij doet, Gerben! Poerbêst!


  2. Johan
    3 septimber 2011 10:40

    In moai petear. En ik hoopje dat it goed giet!


  3. jannie en douwe
    4 septimber 2011 18:06

    wy binne grutsk op dy; moarn wer sun wer thus

    mei groetnis jannie en douwe


  4. Ric
    6 septimber 2011 06:11

    Knappe prestaaszje. Oar ier gean ik ek!

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes