In smite folk by begjin Keppelfeest
sneon 17 septimber 2011
LJOUWERT – Yn Ljouwert is sneon it Keppelfeest úteinset foar it gerjochtshôf. Fan 60 doarpen kamen fertsjinwurdigers dêr út alle hoeken fan de stêd byelkoar, elk mei in flagge. 60 doarpen en stêden en 60 flaggen omdat 60 jier lyn Kneppelfreed barde.
Op 16 novimber 1951 kneppele de plysje in grutte groep minsken by de rjochtbank útelkoar dy’t ôfkaam op de saak tsjin sjoernalist en dichter Fedde Schurer wêrby’t it foaral gie om it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal.
Sûnt dy tiid is de posysje fan it Frysk folle better fêstlein yn de wet. Oant en mei 16 novimber wurdt dit keppel- en dus net kneppelfeest op folle mear plakken yn de provinsje fierd. De organisaasje hopet sa de diskusje oer it Frysk en de oare lytse talen wer wat los te meitsjen.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de it feest op it Saailân.
(Tekst en foto: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Nije wike: Keppelfeest! Dit jier betinke wy Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951)....
- It Keppelfeest is grutsk begûn + foto’s LJOUWERT – De hiele stêd Ljouwert hat priuwe kinnen fan...
- Fleurich begjin nij stúdzjejier LJOUWERT – Op 1 septimber begjint it nije stúdzjejier. Dat...
- Keppelfeest yn Aldehaske GPTV jout omtinken oan de gedichten dy’t sintraal steane by...
- Keppelfeest yn Achlum GPTV jout omtinken oan de gedichten dy’t sintraal steane by...








