It Keppelfeest is grutsk begûn + foto’s

moandei 19 septimber 2011

LJOUWERT – De hiele stêd Ljouwert hat priuwe kinnen fan it Keppelfeest. De earste sechtich flaggen fan it grutte “flagjen-foar-taal-projekt” binne juster ophongen yn Ljouwert. Wethâlder Henk Deinum hat de earste flagge oannommen en der mei swaaid op it bordes fan it Paleis fan Justysje. Foar’t dat barde, kamen der sechtich flaggen út alle einen en kanten fan de stêd hjirhinne. Dy flaggedragers kamen út alle ferskate sechtich doarpen en stêden wei. Se swaaiden omraak mei de flaggen en wienen grutsk dat harren doarp of stêd fertsjintwurdige waard.

Binnen yn it Paleis fan Justysje siet it fol mei pommeranten en minsken dy’t warber binne foar it Frysk en syn streektalen. Sa wienen de Deputearren fan Fryslân oanwêzich, wethâlders út ferskillende gemeenten, mar ek Geart Benedictus, earder Steatelid en Earste Keamerlid. Der wie ek romte foar minsken dy’t tafallich by it Paleis lâns rûnen. Se waarden deryn laat troch de Bildstars, in toanielselskip dat op in prachtige wize minsken neitinke liet oer de rykdom fan taal en mooglikheden om te keppeljen. Minsken waarden entûsjast en seagen ek eefkes binnen de doarren fan ’e rjochtseal.

Doe’t Jan Arendz en Marijke Geertsma de seal yn kamen, waard it stil. Mar al gau koe elkenien bûten, de minsken laitsjen hearre. De twa toanielspilers, dy’t bekende akteurs binne yn Fryslân, hawwe treflik en skerpsinnich spile. It boadskip wie dat Kneppelfreed eat bûtenwenstichs west hat, tige betsjuttend mei in râne fan koartswyl. It is goed dat der doe guon minsken in kneppel op de kop krigen hawwe. Sûnder dy kneppels hie it lân foar de Fryske taal der oars útsjoen. Yn it stik kaam wol nei foarren dat no net alles samar klear is. Minsken hawwe de mooglikheid om Frysk te praten; no moatte se it fansels ek noch dwaan. Se moatte ferlaat wurde om de eigen sprake brûke te kinnen. Dat is no krekt it motto fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Yn de rjochtseal hat Mr. J.S. van der Kolk, de presidint fan de rjochtbank fan Ljouwert, in lêzing holden. Dêrnei is der ‘keppele’ mei in hapke en drankje troch alle oanwêzigen. As alle oare aktiviteiten allyksa slagje as dizze middei, dan ûnthjit dat wat foar alle oare aktiviteiten dy’t organisearre wurde yn dizze keppelperioade. Sjoch www.keppelje.nl  foar mear ynformaasje oer wat komme sil.

Ek sjen:

  1. In smite folk by begjin Keppelfeest
  2. Boate-alvestêdetocht begûn
  3. Ljouwert grutsk op nij sintrum
  4. Nije wike: Keppelfeest!
  5. De trijetalige pabû is begûn

6 reaksjes op “It Keppelfeest is grutsk begûn + foto’s”


  1. Erwin2.0
    18 septimber 2011 13:43

    Dat ha jim goed dien! Wat in grut feest!


  2. siem
    18 septimber 2011 14:46

    De “ferbining ferbrutsen” op Keppelfeest,

    De Friezen hâlde fan harren taal, mar wolle der sels net op oansjoen wurde. Dy taaie ferbining is sûnt juster sikersonk ferbrutsen!!! Blausangen mei oranje sloech yn ús haadstêd foar master op. Troch hage en doarn hâlde wy no 60 dagen it feandel heech foar taal. Doarpen en stêden dy’t der noch tsjinoan skytskoarje en stek gjin flagge út, wês net skruten, krij op dy stôk en lit jimme hert sprekke boppe wat in oar dêroer seit of oer sizze sil. Yn fêstberette trêd op nei de slotjûn yn Boalsert 19 novimber.


  3. Geeske Krol
    18 septimber 2011 19:21

    Geweldich sa’n start !


  4. Erwin2.0
    19 septimber 2011 07:55

    Goed sein, Siem!


  5. Johan
    19 septimber 2011 18:05

    Is sa’n flagge te keap?


  6. E
    20 septimber 2011 13:38

    Geweldich! Ien moai foarbield fan wat jimme allegearre dwaan, gean sa troch minsken!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic