Leechsaksen: Lokale ferkiezings 11 septimber
sneon 3 septimber 2011HANNOVER – Yn de Dútske dielsteat Leechsaksen (Nedersaksen) binne de politike partijen drok dwaande mei it fieren fan kampanje foar de ferkiezings fan 11 septimber. De minsken meie stimme foar it lokale bestjoer en de boargemaster. Hjirûnder stiet beskreaun hoe’t dat no krekt wurket. Bysûnder by dizze ferkiezings is it meidwaan fan de partij Die Friesen. Dy partij sjocht himsels as politike fertsjintwurdiger fan de Friezen as nasjonale minderheid yn Leechsaksen.
Dútske steatsynrjochting
- De minsken meie 11 septimber stimme foar twa ferskillende bestjoerslagen. Yn Nederlân binne dêr trije fan, te witten: It ryksregear yn De Haach, de provinsje, en de gemeente. Yn Dútslân ha se ien mear.
- De dielsteat is yn Dútslân de earste bestjoerslaach ûnder de heechste bestjoerslaach; it bûnsregear yn Berlyn. Dus krekt sa as de provinsje de earste bestjoerslaach ûnder it Haachske ryksregear is. De Dútske dielsteaten hawwe wol mear sizzenskip as de Nederlânske provinsjes, en dat hat te krijen mei de federale opbou fan de Dútske steat. It ryksregear yn De Haach en it bûnsregear yn Berlyn foarmje de earste (heechste) bestjoerslaach fan de steat. De provinsjes en de dielsteaten foarmje de twadde (op ien nei heechste) bestjoerslaach.
- Yn Nederlân komme de gemeenten as tredde bestjoerslaach, dus ûnder de provinsje. Yn Dútslân falle de saneamde ”Kreisen” (kriten) en ”Gemeinden” (gemeenten) respektivelik as tredde en fjirde bestjoerslaach ûnder de dielsteat, en dêrfoar wurde op 11 septimber ferkiezings hâlden. De Kreisen en Gemeinden hawwe sa likernôch deselde funksje as de gemeente yn Nederlân. Om it ferhaal noch wat lestiger te meitsjen binne der ferskillen yn kriten. De krite kin in saneamd ”Landkreis” wêze as dêr ferskillende gemeenten ûnder falle. De gruttere stêden kinne de status hawwe fan ”Kreisfreie Stadt”, dat betsjut dat dêr gjin aparte gemeenten ûnder falle. Der is feitlik sprake fan in stedsbestjoer dat direkt ûnder de dielsteat falt.
- Gemeenten hawwe yn Dútslân in boargemaster. Yn Kreisfreie Städte binne gjin gemeenten, dat dêr hat de stêd sels in boargemaster. De boargemasters sille 11 septimber, oars as yn Nederlân, direkt troch it folk keazen wurde.
- As lêste kinne de saneamde ”Ämter” ûnder in Landkreis falle. Dat is allinnich yn de dielsteaten Brandenburch, Meklenburch-Foarpommeren en Sleeswyk-Holstein it gefal. Yn Leechsaksen dus net. in Amt bestiet út ferskillende gemeenten en hat in mienskiplik bestjoer. Gruttere gemeenten dy’t in eigen bestjoer hawwe wurde ”Amtsfrei” neamd.
Ek sjen:
- Leechsaksen: útslaggen regionale ferkiezings HANNOVER – De útslaggen fan de regionale ferkiezings yn de...
- Ferkiezings op 12 septimber DE HAACH – De Nederlânske keninginne Beatrix hat demisjonêr premier...
- Gemeentlike gearwurking moat oars De rjochter hat hjoed it besteande systeem fan gemeentlike gearwurking...
- Lokale Omrop Achtkarspelen Brûken Fryske taal wichtich kritearium De gemeenterie fan Achtkarspelen hat ferline...
- Fryske tsjerketsjinsten 12 septimber 2010 Aldegea (G-S) PKN, 09.30 o. H. Gileam Blije PKN, Grif....









