Leechsaksen: útslaggen regionale ferkiezings

moandei 12 septimber 2011

HANNOVER – De útslaggen fan de regionale ferkiezings yn de Dútske dielsteat Leechsaksen rûgelen sneintejûn stadich binnen. De grutte winner fan de ferkiezings binne de grienen, dy’t yn de measte bestjoerlike distrikten it oantal sitten ferdûbelen. De kristendemokraten fan it CDU en de sosjaaldemokraten fan de SPD hienen yn de measte distrikten in ferlies fan in pear persint. De partij Die Friesen die dit jier foar it earst mei oan de regionale ferkiezings. Yn it Landkreis Lear hat de partij in sit wûn, yn it Landkreis Auwerk en de stêd Wilhelmshaven krige de partij net genôch stimmen foar in sit.

De ferkiezingsútslaggen fan de regionale ferkiezings yn Leechsaksen fan 11 septimber 2011 binne hjir te finen.

Ek sjen:

  1. Leechsaksen: Lokale ferkiezings 11 septimber
  2. Suksessen foar East-Fryske partij Die Friesen
  3. Tunesië: poerbêste ferkiezings foar islamisten
  4. ‘Sintrale’ ferkiezings 2x mis
  5. Gadaffy wol ferkiezings

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic