In Gysbert foar Durk van der Ploeg

tiisdei 11 oktober 2011

Durk v.d. Ploeg (foto: Afûk)

LJOUWERT – Alle jierren op ‘e nij waard deroer spekulearre oft Durk van der Ploeg einlings oan bar wêze soe. En no is it dan sa fier: de bêst ferkeapjende en produktyfste libbene skriuwer fan Fryslân hat de Gysbert Japicxpriis krigen en wol foar syn folslein wurk. Dat hat de sjuery ûnder lieding fan skriuwer en âld-Steatelid Willem Verf hjoed buorkundich makke.

Skilderij by Tresoar

De Gysbert Japicxpriis – ‘Gysbert’ foar literatuerleafhawwers – is de wichtichste priis foar Frysktalige literatuer. Hy wurdt om it jier útrikt, om bar foar proaza en foar poëzij. De priisferliener is de provinsje Fryslân. Meastentiids wurdt de priis takend foar ien wurk, mar yn bysûndere gefallen kriget in skriuwer de Gysbert as oeuvrepriis.

De winners fan de Gysbert komme mei harren skildere pertret yn de Gysbert Japicxseal fan de provinsjale bibleteek Tresoar yn Ljouwert te hingjen. Oan de priis is in dofke fan fiiftûzen euro ferbûn. De 81-jierrige Van der Ploeg fan Noardburgum kriget de priis op 8 novimber út ‘e hannen fan Jannewietske de Vries. Hja sil de priis oan Van der Ploeg oerlangje yn in steatlike seremoanje yn de Martinytsjerke yn Boalsert.

Reboelje om Van der Ploeg

Yn 2003 wie der wat reboelje om de Gysbert Japicxpriis hinne. De sjuery kende de priis yn dat jier ta oan Willem Tjerkstra. Ferskate skriuwers en politisy protestearren dêrtsjin om’t se fan betinken wiene dat Van der Ploeg de priis mear fertsjinne hie. Tjerstra krige de priis dochs en Van der Ploeg wie ien fan ‘e earsten dy’t him dermei lokwinsken.

Durk van der Ploeg skriuwt al sûnt 1952. Ynearsten die er dat yn it Hollânsk, mar al gau ferskynder der Frysktalige gedichten fan him yn it literêre tydskrift De Tsjerne. Yn 1959 kaam ûnder de titel Lok op eachlingte syn earste dichtbondel út. Hy hat mar leafst 21 kear de jierlikse Rely Jorritsmapriis wûn foar gedichten en koarte ferhalen.

Bêst ferkeapjend

It bekendst is er lykwols wurden troch syn romans. Yn 1968 kaam Van der Ploeg syn earste roman út, In man en in minske. Sûnt ein tachtiger jierren is Van der Ploeg tige produktyf. Njonken oar wurk hat er sûnt 1988 alle twa jier op syn minst ien roman ôflevere. Yn 2003 skreau er it Fryske boekewikegeskink, de novelle De sniewinter.

De romans fan Durk van der Ploeg spylje har meastentiids ôf yn de Dongeradielen, dêr’t de skriuwer grut wurden is. Gauris binne de haadfigueren yn syn boeken wat ienselvige minsken. Van der Ploeg skriuwt ek in soad oer de Twadde Wrâldoarloch, dy’t er sels bewust meimakke hat. Sûnt de dea fan Rink van der Velde yn 2001 is er de bêst ferkeapjende libbene skriuwer yn it Frysk.

 

 

5 reaksjes op “In Gysbert foar Durk van der Ploeg”


  1. pizza boy
    11 oktober 2011 22:52

    ik ha een keer een boek fan him lezen, mar ik foen het wol egt een âlde minsken boek. mar dochs goed dot er priezen foar fryske skrieuwers binne.

    Os een skrieuwer gjin jild kreit
    Hast koans dat hij sien pen del leit
    Dus moatst priezen jaen blieuwen
    Sa dot se blieuwe skrieuwen!


  2. Erwin2.0
    12 oktober 2011 10:03

    Ik hie tocht dat Rêdbâd fan Willem Schoorstra it wurde soe…


  3. Pieter vd Wal
    12 oktober 2011 11:09

    Folgens my hat dat boek net meidien want it is te let útkaam. Oare kear op seker wat my oangjit!


  4. Meindert
    12 oktober 2011 18:18

    Lokwinkse, Durk! Ik haw krekt it boek Foarby it Boarkumer Fjoer lêzen: prachtich! Hy hat it hielendal fertsjinne!


  5. Triarii
    13 oktober 2011 13:59

    Tige optein, dat van der Ploeg de priis noch yn ‘e waarme hân ûntfange mei. It is ien fan de bytsje skriuwers dy’t it “geef”-Frysk noch út ‘e pinne kriget. Ik bin it dan ek út noch yn net iens mei ‘pizza boy@ ‘, dat it boeken binne foar minsken yn ‘e jeld. It Frysk dat van der Ploeg yn syn boeken brûkt is suver en lit sjen dat ús memmetaal it Hollânsk net hoecht oan te krûpen. Nukt neat dat men it wurdboek ris pakke moat.
    Wannear’t ik yn syn boeken wei bin, ealgje ik syn lânskippen en betaast it mei al myn sinnen. Dat tinkt my in grutte krêft fan van der Ploeg. Boppedat folt men jins gielguorde mei Fryske wurden gâns oan.
    Fan syn 20 boeken haw ik hast alles lêzen. Foar my is “It wurk fan ‘e duvel” (2000) noch hieltyd it púkje fan ‘t beslach.

    van der Ploeg, lokwinske!

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes