Balskoppen: 3-0 foar Dútslân

tiisdei 15 novimber 2011

HAMBURCH – De oefenynterlân Nederlân-Dútslân yn Hamburch is útrûn op in oertsjûgjende oerwinning foar de Dútske fuotbalploech. Dy davere mei 3-0 folslein oer Oranje hinne.

De Nederlânske balskoppers hiene net folle om by te setten. De spilers lieten har net fan harren tûkste kant sjen. It lei der net oan dat de Nederlânske manlju net oan ‘e bal kamen – se hiene kânsen genôch, mar griepen dy net. Sels Wesley Sneijder krige neat foarinoar.

Dútslân spile gâns kreativer. Mesut Özil briek ferskate kearen troch de Nederlânske ferdigeninslinys hinne en holp yn de 14e minút Thomas Müller oan in tige soepele doelskop: 1-0. Amper in kertier letter jage Miroslav Klose de skoare mei in kopbal nei 2-0. Doe wie it noch net iensen skoft.

Yn ‘e twadde helte spile Oranje wat better as yn ‘e earste. Sneijder hie in goede kâns, mar miste. De Mannschaft wie lykwols te sterk en Özil makke der yn ‘e 65e minút 3-0 fan.

 

Ek sjen:

  1. Nederlân – San Marino: 11-0 EINDHOVEN – It Nederlânsk fuotbalalvetal hat freedtejûn yn Eindhoven fan...
  2. WK: Nederlân ferslacht Brazilië PORT ELIZABETH – De Nederlânske balskoppers hawwe it sa knap...
  3. Dútslân falt foar Yolanthe Yolanthe Cabau van Kasbergen is populêr yn Dútslân. De 24-jierrige...
  4. Nederlân-Uruguay: 3-2 JEHANNESBURCH – It Nederlânsk fuotbalalvetal hat foar de tredde kear...
  5. Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale DURBAN – De Nederlânske balskoppers hawwe Slowakije ferslein en geane...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic