Bern oefenje Fryske taalfeardigens
sneon 19 novimber 2011MARSSUM; Freed 18 novimber wie basisskoalle ‘De Pôlle’ yn Marssum gastskoalle foar Taaldoarp. Taaldoarp is in aktiviteit foar alle bern fan de boppebou, dêr’t praktyske gesprekssituaasjes rûnom tema’s ta stân komme tusken bern en lokethâlder. Taaldoarp is in inisjatyf fan Taalsintrum Frysk fan Cedin. Freed moasten de bern fan de basisskoalle út Boksum, Ferwert en Marssum yn aksje komme troch safolle mooglik punten byelkoar te skoaren. Dat koene se dwaan troch in oantal kearnwurden te brûken yn it petear, dat se fan tefoaren oefene hawwe. Elts tema hat syn eigen kearnwurden. Spesjaal foar dizze aktiviteit binne de Stenden-studinten fan de trijetalige pabo, dy’t sels aktyf binne yn it trijetalige ûnderwiis, ynset om de bern te beoardieljen op harren Frysk. Janna Reitsma, Stenden-studint trijetalige Pabo; ‘In prachtich inisjatyf dêr’t de bern kâns krije om harren eigen Fryske taalfeardigens te oefenjen. Bern dy’t net Frysktalich binne, hawwe stipe oan de kearnwurden dêr’t se fuortendaliks punten mei ynhelje.’ Ewoud van der Weide, Stenden-studint trijetalige Pabo; ‘De skriuwfeardigens wurdt yn’e klasse faak genôch oefene, mar it is net altyd mooglik om alle bern de taal tapasse te litten. Troch it ‘Taaldoarp’ is it net de learkrêft, mar de bern dy’t alle kânsen krije om harren taalfeardigens te ferbetterjen. Dit soe ek in moaie aktiviteit wêze foar it Ingelsk, sadat bern bewust gebrûk meitsje fan de taal.’ De kommende wike dogge sa’n 60 basisskoallen mei oan ‘Taaldoarp’. De punten leverje úteinlik saneamde boustiennen op, dêr’t de basisskoallen fergees boeken mei bestelle kinne foar in nije Frysktalige lêssearje.



Ek sjen:
- Taaldoarp, foar skoallen Yn de moannen septimber, oktober en novimber fan dit jier...
- Fryske Printeboeken foar bern De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt...
- Omtinken foar tûke bern MULLUM – Fjouwer Fryske skoallen hawwe woansdei in saneamd begaafdheidspredikaat...
- Fryske Gea ek foar bern Wa’t fan de jonges en famkes, en ek de wat...
- Fryske bern dogge it net goed op skoalle GRINS – Fryske learlingen yn klas 3 fan hafû en...








