Leaver Katalaansk as Ingelsk
woansdei 23 novimber 2011
VALENCIA – De Spaanske dielsteat Falensia kriget gjin twatalich ûnderwiis. It regear hat in omstriden plan om in diel fan de lessen yn it Ingelsk te jaan dizze wike wer ynlutsen.
It regear woe dat alle skoallen twatalich wurde soene, mei Spaansk en Ingelsk as fiertalen. Tsjin it plan kaam in soad protest fan âlden, skoallen en taalorganisaasjes. Hja binne benaud dat de Ingelsktalige lessen ta skea geane fan de lessen Katalaansk, dy’t no al faak ûnder druk steane.
Yn it noarden en easten fan Falensia wurdt Katalaansk praat. It is in offisjele taal yn de dielsteat, mar it hat der, oars as yn de oanbuorjende dielsteat Kataloanië, in legere status as it Spaansk.

Falensia yn Spanje. (Kaartsje: Wikipedia)
Ek sjen:
- Katalaansk ferset tsjin twatalich ûnderwiis BARCELONA – “It ûnderwiis yn Kataloanië bliuwt ientalich Katalaansk.” Dat...
- Katalaansk ûnderwiis moat twatalich wurde BARCELONA – Alle skoallen yn Kataloanië moatte twatalich wurde. Dat...
- Alden wolle Ingelsk ynstee fan Oksitaansk ORTHEZ – Twatalich ûnderwiis is net oeral like populêr. Yn...
- Boetes as Katalaansk ûntbrekt BARCELONA – It regear fan Kataloanië hat it ôfrûne jier...
- Taalrel yn Katalaansk fuotbal GIRONA/GERONA – Yn Spanje is in lytse taalrel oan ‘e...









mbc84
23 novimber 2011 23:21
Kin it begripe dat it net trochgongen is. De Spanjaarden moatte harren taal oplizze oan ‘e Katalanen. Ik haw earlik sein myn betinkings by konstruksjes fan trijetalige skoallen, wat fansels yn Falensia in útkomst wêze kinne soe. Yn Kataloanje hawwe de saken bêst op oarder, je komme der kwalik in Spaansk wurd tsjin
Alteast, at je Kataloanje ferlykje mei Fryslân… Yn Kataloanje hawwe se it ek sa regele dat Katalaansk fierwei ferplichte is, OERAL. Soks hie/soe by ús ek moatte(n). En dêre soenen se better subsydzjejild yn stekke moatte! Meitsje it Frysk sichtber en needsaaklik, dat hat it wier kâns fan slagjen!