Nieuwegeinske skoallieder net ferfolge
woansdei 16 novimber 2011
NIEUWEGEIN – De oanhâlding fan de adjunkt-direkteur fan it Nieuwegeinske Anna van Rijncollege wie net terjochte. Dat hat it Iepenbier Ministearje hjoed te witten dien. De man wurdt net ferfolge.
De adjunkt-direkteur wie in learaar te help kommen, dy’t in ferfelende learling net de baas koe. Dy ferpofte it om it lokaal te ferlitten. De adjunkt hie de learling doe oan ‘e kraach it lokaal út set. Mooglik hat er dêrby in pear smertlapen of blauwe plakken oprûn, mar hy kin ek stroffele wêze. De jonge seit heit wie lykwols poer op ‘e adjunkt en belle de plysje, dy’t de skoallieder in pear oeren opsleat. De saak late sels ta Keamerfragen.
Ek sjen:
- Skoallieder Harkema direkteur fan It Frysk ûnderwiis sit yn de lift. Ôfrûne wike hat...
- Douwe Egberts ferfolge It Brusselske parket ferfolget kofjebedriuw Douwe Egberts en syn bazen...
- Paus kin yn Amearika ferfolge wurde WASHINGTON – Yn Amearika wurdt it mooglik om lieders fan...
- DI-FERS fan Henk Veenstra: Blauwe moanne ...
- Jan Blokker is dea AMSTERDAM – Jan Blokker is dea. De bekende sjoernalist, skriuwer...








