Petearke mei Janna Eijer

moandei 28 novimber 2011

Janna Eijer hat Liet Ynternasjonaal wûn. Dat is fansels oanlieding foar in petear. It is mar koart want Janna Eijer hat it drok al stiet se iepen foar alles wat komt.

Hoe bist op de tekst fan dyn liet kommen?
Twa jier ferlyn hie ik myn propedeuze op de Popakademy net helle. Op dat stuit tocht ik fan: ‘Wat moat ik no?’
Sa naam myn libben yn ien kear in hiele oare kriem. Doe tocht ik: op watfoar mominten kin jins libben ek yn ien klap omslaan? In famke dat ik ken wie hommels yn ferwachting, en ik tocht oan ferskillende rampen dy’t de bard binne op de wrâld. Sa kaam ik by it nûmer: Ien Klap.

Hasto sels de muzyk derby skreaun?
De muzyk en de tekst binne fan mysels.

Skriuwsto faker yn it Frysk?
Ik haw in pear nûmers yn it Frysk skreaun en bin fan doel no in albumfol Fryske nûmers te skriuwen.

Wat ferwachtesto fan de takomst, krijsto no in ynternasjonaal poadium?
In ynternasjonaal poadium wit ik net. Ik bin al bliid as ik in pear optredens hjir yn Fryslân krij.

De tekst fan it winnende ferske

1 Klap

Op in dei bist samar swanger
Op in dei ferliest wat jild
Op in dei stapst de ferkearde bus yn
En stiest midden yn it Bild

Op in dei winst de Lotto
En giest op reis miskien
Mei dyn freonen yn de auto
En dan stoart de brêge yn

Mei 1 blik slat dyn hert op hol
Mei 1 blik wisto wasto wost
In tût fan him, hân yn hân
Mei 1 klap is in mig al dea
Mei 1 bom stoart it fleantûg del
En is it libben samar fuort

Yn 1 klap is alles oars
Yn 1 klap stiest er soms allinnich foar
Mei 1 stap giest troch de achterdoar
En stiest dêr mei in oar en tinkst
Wa stiet er by de foardoar

Hast it net iesen troch
It komt samar nei dy ta
In lietse besite by de dokter
En dan blykt dast kanker hast

Yn 1 klap kin alles omslaan
Slat de bliksem ergens yn
Mei wat sjonge op it internet
Krijst in optreden miskien

Mei 1 blik slat dyn hert op hol
Mei 1 blik wisto wasto wost
In tût fan him, hân yn hân
Mei 1 klap is in mig al dea
Mei 1 bom stoart it fleantûg del
En is it libben samar fuort

Yn 1 klap is alles oars
Yn 1 klap stiest er soms allinnich foar
Mei 1 stap giest troch de achterdoar
En stiest dêr mei in oar en tinkst
Wa stiet er by de foardoar

Wa stiet er by de foardoar
Wit ik no wol wat ik wol
Gean ik er no wol foar
Wit ik wol wat ik wol
Hinne wer werderom
Achterom draaist dy om
Werom hinne
Wêr moat ik begjinne
Folg je hert, folg dyn kop
Wachtsje net, hâld no op
Gean troch, blieuw stean
Wer moat ik hinne gean
En ik moat no kieze wat ik no doch
Want as je wachtsje dan hâld alles no yn 1 keer op

Op in dei bist samar swanger
Op in dei ferliest wat jild
Op in dei stapst de ferkearde bus yn
en stiest samar ergens oars

Ek sjen:

  1. Janna Eijer hat liet 2011 wûn Sjoch klip...
  2. Fryske Janna wint Liet Ynternasjonaal UDINE - De 22-jierrige Janna Eijer fan Jobbegea hat sneontejûn Liet...
  3. Beharkje Liet Ynternasjonaal en stim op Janna! Hjoed 19 novimber wurdt in spannende dei foar sjongeres Janna Eijer...

8 reaksjes op “Petearke mei Janna Eijer”


  1. Grytsje Kingma
    29 novimber 2011 10:05

    Janna fertsjinnet it om in Fryske stjer te wêzen! Noch in bytsje taalhelp hjir of dêr, de staveringshifker derby, mar dan komt it hielendal goed mei Janna.
    Ik bin tige grutsk op dizze jonge sjongeres, dy’t it fier bringe kin.


  2. Erwin2.0
    29 novimber 2011 12:23

    Wat in geweldich krêftige stim! Janna har nûmer is prachtich!


  3. Media Liet Int. 2011 « Liet 2011
    4 desimber 2011 16:54

    [...] * Feannet.nl: * Heerenveense Courant: * It Nijs * Leeuwarder Courant * NOS Nieuws (radio): * Omrop Fryslân 1 (radionews): * Omrop Fryslân 1 [...]


  4. Johannes
    7 jannewaris 2012 22:22

    Wer in Fryske frou dy ‘t “zwanger” sjongt en net “swier”. Tige sleau. Se hat wol in nijsgjirrich liet en sjongt moai.


  5. Grytsje Kingma
    8 jannewaris 2012 21:20

    Johannes, ja dêr hast fansels wol gelyk oan; mar besjoch it ek ris oars – se sjongt teminsten yn it Frysk (al is it dan net 100% geef). Om dêr daalks oer te begjinnen dat it Frysk net alhiel neffens de mjitstêven is, dan hat sa’n famke der gjin nocht mear oan en sjong yn it Frysk. Krije wy noch mear Ingelsk, nee dan leaver dit.
    Fansels is it wol wichtich en lit sa’n tekst eefkes neisjen foardatst der mei it poadium op giest. By Liet advisearje se dat ek altyd wol en ferwize ek nei Afûk, Taalwinkel, Goedfrysk ensfh. Mar ik tink dat it by dit wurdsje net oars koe of woe en dan hat de skriuwster fan de tekst úteinlik it lêste wurd.


  6. Jehannes Elzinga
    9 jannewaris 2012 13:29

    It is wol tryst, mar wa brûkt yn Fryslân noch it wurd “swier” yn stee fan “zwanger”? Wol brûkt wurdt nioch: yn ferwachting, mar dat paste nei alle gedachtenb net uyn dit liet.
    Lit Janna mar sjonge, dy komt der wol! Wy hawwe har lêsten heard op it krystkongres yn Frjentsjer en it hearde hiel goed. En wat in útstrieling fan sa’n jonge frou! Ferlykber mei Nynke Laverman, doe’t dy begûn.


  7. Grytsje Kingma
    11 jannewaris 2012 12:13

    No, ikke. Yn de ballade fan Eelkje (fan “De smearlappen” fan Anne Wadman) haw ik it brûkt:
    ‘t luts har oan, dit oare libben, ‘t brocht net inkeld mar fertier,
    want se woe net, mar se moast wol en se rekke ek noch swier.
    It hiele liet is hjir te beharkjen: (ik hoopje dat dit wurket!)
    en it stiet op de nije cd Wytfear dy’t te krijen is by de Afûk en http://www.fryskewinkel.nl. Mar dat wie wer genôch reklame fansels!


  8. Grytsje Kingma
    11 jannewaris 2012 12:15

    Dat wurket dus net, dan no nochris besykje:
    http://youtu.be/Yk3AuzAv3lk
    By in literêre jûn yn de bibleteek fan It Hearrenfean is dit liet foar it earst foar publyk songen, dêr is dizze opname makke.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic