Provinsje Fryslân wol Thialf hâlde

woansdei 30 novimber 2011

LJOUWERT – “In nij Thialf bouwe bûten Fryslân is itselde as de Alvestêdetocht ride yn Súd-Hollân.” Dat seit deputearre Hans Konst. Hy reagearret dêrmei op minister fan folkssûnens, wolwêzen en sport Edith Schippers, dy’t hjoed sei dat Thialf om har bêst ferfongen wurde kin troch in iisstadion om utens. De minister: “Friesland is de schaatsprovincie van Nederland, maar als een andere regio met een beter plan komt, zou het toch raar zijn als ik zeg: dat kan niet, het moet in Friesland.” As hja bydraacht oan in nij iisstadion, dan sil dat hoe dan ek net mei in grut bedrach wêze, sa docht de minister te witten.

Thialf is hurd oan in opknapbeurt ta. In kommisje ûnder lieding fan âld-AEGON-foaroanman Johan van der Werff ûndersiket de foar- en neidielen fan renovaasje en fan nijbou. Dat kin dan nijbou wêze op itselde plak as no, mar it iisstadion kin ek ferhûzje nei it Abe Lenstrastadion ta. De provinsje Fryslân beslút nei alle gedachten yn febrewaris wat der mei Thialf bart.

Ek sjen:

  1. Provinsje wol Thialf ferhûzje IT HEARRENFEAN – Der moat in nij Thialf komme by...
  2. Provinsje wol nij Thialf op it âlde stee LJOUWERT – Der komt gjin nij Thialf by Sportstêd Hearrenfean,...
  3. Eelco Derks nije direkteur Thialf IT HEARRENFEAN – Eelco Derks wurdt per 1 maart 2012...
  4. Galema en de provinsje Fryslân “Wat wol Galema no eins?” sei ien tsjin my nei...
  5. Ynfal by provinsje Noard-Fryslân HÜSEM – om 8.20 oere gong ôfrûne woansdei de bel...

4 reaksjes op “Provinsje Fryslân wol Thialf hâlde”


  1. Erwin2.0
    30 novimber 2011 08:25

    Der binne ferskate farianten foar it nije stadion. Ik gok sa dat se de goedkeapste nimme… Ik soe sels graach in iisstadion neist it Abe Lenstra Stadion hawwe wolle. Mar sjen oft de provinsje in bytsje spierballen hat.


  2. mbc84
    30 novimber 2011 09:43

    Jild is der genôch.. Teminsten, foar in jier as wat werom die bliken dat de provinsje Fryslân gâns wat jild efter de hân hat/hie. Ik wit net hoe’t dat hjoeddedei is, mar at it sa is, wêrom dan net?


  3. Geeske Krol
    7 desimber 2011 10:36

    Minister Schippers hat dúdlik te witten dien dat in iisstadion as Thialf om har net yn Fryslân hoecht te kommen en boppedat dat Fryslân net in knoarre jild ferwachtsje hoecht.It is dêrom saak om yn Fryslân sels mei inytsjativen te kommen om jild yn te heljen en net allinne de hân op te hâlden yn by it Ryk. Wy der neat oan as it prestizjeuze projekt aansen yn De Haach realisearre wurdt.En werom soe in lotterij net kinne ? Prestizjeuze natoerprojekten krije al jierren jild út lotterijen en dêr is neat mis mei. Wy kinne wol út in grut gat blaze en noch langer eamelje en dêrmei ús kânsen ferspylje. Dêrom troch sette mei dy lotterij en mooglik oare aksjes.
    It is de heechste tiid


  4. Ferjo
    7 desimber 2011 11:46

    Thialf kostet de provinsje alle jierren jild. Wolst Thialf yn de provinsje hâlde, kom mei nije ideeën wêrmei de provinsje net by hoecht te lizzen en wêrmei Thialf dus op himself rinnen kin.
    Krije dit foar mekoar en ik sjoch in nije Thialf yn Fryslân wol sitten./

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic