Reedrydgoud, -sulver en -brûns
freed 18 novimber 2011
TSJELJABINSK – Ireen Wüst is twadde wurden op de 3000 meter tidens de wrâldbekerwedstriid yn it Russyske Tsjeljabinsk. Se waard mei seis tsienden achterstân twadde achter Martina Sábliková.
Sulver foar Oenema
Thijsje Oenema fan de Jouwer is twadde wurden op de 500 meter. Se die dat yn in tiid fan 38.22. Margot Boer ferspile troch misslaggen op it lêste rjochte ein in goede klassearring, hja waard 6e yn 38.38. Anice Das fan it Hearrenfean stelde teloar, hja einige op it 22e plak yn in tiid fan 39.47. De Sineeske Yu Jing wûn de 500 meter yn 37.81.
Groothuis wint goud op 1500 meter
Stefan Groothuis wûn de 1500 meter by de manlju yn in tiid fan 1.45,70. Shani Davis waard twadde en Ivan Skobrev tredde. Jan Smeekens waard op de 500 meter twadde. De ynwenner fan Snits die dat yn 35.01. Dat wie 0,01 sekonde stadiger as de Finske winner Pekka Koskela. Sjoerd de Vries waard op de 1500 meter tsiende. De âld-ynwenner fan Twellingea ried in tiid fan 1.47,43.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Stefan Groothuis wrâldkampioen sprint CALGARY – Stefan Groothuis hat mei in fenomenale 1000 meter...
- Boer en Leenstra op WK-poadium TSJELJABINSK – Margot Boer en Marrit Leenstra ha op de...
- Ireen Wüst wint 1500 meter IT HEARRENFEAN – Ireen Wüst hat sneon by de wrâldbekerwedstriden...
- Gjin Frysk goud op 1000 meter IT HEARRENFEAN – Ireen Wüst is sneintemiddei twadde wurden op...
- Sven Kramer wint 1500 meter BOEDAPEST – Sven Kramer is dwaande om foar de fyfde...









pb
18 novimber 2011 15:50
tige goed fon Stefan!!! super wedstried