Sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’
sneon 19 novimber 2011
De Fryske Akademy organisearret yn ’e mande mei it Huygens-ING en Tresoar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’. Dit sympoasium wurdt holden op woansdei 30 novimber fan 10.00 oant 17.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. De kosten foar dielname (ynklusyf kofje/tee, lunsj en buorrel) jilde € 20,00, yn ree jild te foldwaan oan de seal. Opjefte yn it foar is needsaaklik, dat kin by Anke van Gorkum: avgorkum@fryske-akademy.nl of tel. (058) 234 30 25.
Soad gelearden
De humanist Erasmus hat yn syn brieven net allinne de molke- en turfopbringsten fan Fryslân priizge, mar ek de geleardheid fan de Friezen. Yn in brief (1499) oan de út Boalsert ôfkomstige Johannes Sixtinus ferlike de Rotterdamske humanist Fryslân mei in fruchtbere mem dy’t in soad gelearden berne hat. Erasmus en de Friezen hawwe likernôch sechtich brieven útwiksele dy’t de basis foarmje foar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’.
Om 10.30 oere iepenet prof. dr. Theo Mulder, direkteur ynstituten fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, it sympoasium. Dêrnei folgje der trije lêzings foar de lunsj. Prof. dr. Catrien Santing (heechlearaar Midsieuske Skiednis, Rijksuniversiteit Groningen) hâldt as earste in lêzing: Het Friese humanisme in historisch perspectief. Dêrnei giet dr. Wiebe Bergsma (histoarikus Nijste Tiid, Fryske Akademy) fierder mei: Erasmus, Cammingha en andere Friezen. Mei de lêzing Erasmus en Friezen, Brabanders en Hollanders, slút prof. dr. Jan van Herwaarden (emearitus heechlearaar kultuerskiednis, Erasmus Universiteit Rotterdam) it earste part fan de dei ôf.
Brieven
Nei de lunsj ferfolget dr. Tom Deneire (Huygens-ING) it sympoasium mei de lêzing ‘Een brief bloost niet’: stijl, genre en functie van humanistenbrieven. Dêrnei komt De vriendschap tussen Erasmus en Sixtinus in de spiegel van hun brieven oan bod by de presintaasje fan prof. dr. Jan Bloemendal (Huygens-ING en Universiteit van Amsterdam). As lêste – foar it teeskoft – komt drs. Piter van Tuinen (âld-rektor Christelijk Gymnasium Utrecht) oan it wurd oer ‘Komt leert vrijen’. Maakte Erasmus school in Friesland?
Dr. Jacob van Sluis (Tresoar) ferfettet it sympoasium mei in lêzing yn Tresoar (tichteby de Fryske Akademy) oer de âldste Frjentsjerter bibleteekkatalogus fan 1601. Dêrnei is it sympoasium dien en is der gelegenheid om de útstalling te besjen en nei te praten ûnder it genot fan in drankje. De lêzingen fan it sympoasium sille ûnder redaksje fan Wiebe Bergsma en Jan Bloemendal meiertiid ferskine yn in spesjaal nûmer fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy.
Ek sjen:
- Sympoasium en boek oer twatalich ûnderwiis ‘Lange oanrin, koarte sprong’ is de titel fan it boek...
- Sympoasium identiteit: Krêft en Kâns De FNP organisearret op sneon 14 jannewaris yn de Buitenplaats...
- Oarloch en fete neier besjoen De Fryske Akademy organisearret yn it ramt fan de ‘Wike...
- Sympoasium: Op Planten net úsjoen De lettere planteman en biology-learaar Douwe Taeke Engelbertus van der...
- Mercator organisearret sympoasium Ljouwert, 6 oktober 2010 – It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens...








