Takomst Fryske natuer sintraal by lêzingerige
woansdei 23 novimber 2011De Fryske Akademy en it Natuurmuseum Fryslân sille neier gearwurkje. Dat komt ta utering yn in lêzingerige dy’t organisearre wurdt troch it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, de Fryske Feriening foar Fjildbiology en it Natuurmuseum. De lêzingen hawwe as sintrale fraach ‘Wat wordt het met die Friese natuur? en wurde holden yn de filmseal fan it Natuurmuseum. Jaap de Vlas (krekt pensjonearre by Rijkswaterstaat) nimt de earste lêzing foar syn rekken op tiisdei 29 novimber 2011: ‘De waddenzee; idealen, mogelijkheden en beheer in de toekomst’.
Oplossingen
De rige ‘Wat wordt het met die Friese natuur?’ is in ferfolch op de stúdzjemiddei fan 27 maaie oer natuerbehear, resultaten fan dy middei binne nei te lêzen op www.natuurmuseumfryslan.nl/natuurbeheer.php. De lêzingerige rjochtet him fierder op de fraach oft de oplossingen fan juster ek wearde hawwe foar de swierrichheden fan moarn. Njonken de lêzing fan 29 novimber binne der yn it nije jier noch trije oare lêzingejûnen: freed 27 jannewaris, tongersdei 29 maart en moandei 14 maaie.
Esther Turnhout (Associate Professor Bos- en Natuurbeschermingspolitiek; Wageningen Universiteit) giet op freedtejûn 27 jannewaris yn op de fraach: ‘Hoe moet biodiversiteit een breder perspectief krijgen dan tegenwoordig het geval is? Op tongersdeitejûn 29 maart komt ‘In welk perspectief kunnen we de toekomstige Nederlandse natuur plaatsen?’ oan bod by de lêzing fan Matthijs Schouten (Associate Professor Natuurbescherming en Plantenecologie; Wageningen Universiteit). De lêste lêzing yn de rige wurdt fersoarge troch Keimpe Wieringa (Teamleider Natuur, Landschap en Biodiversiteit; Milieu en Natuur Planbureau) en giet oer ‘Het benutten van kansen voor nieuw natuurbeleid in schrale tijden’.
De lêzingen binne foar elkenien tagongklik en begjinne om 19.30 en sille oant 21.30/22.00 oere duorje. Lokaasje is it Natuurmuseum Fryslân, Skuonmakkersperk 2, 8911 EM Ljouwert. De fiertaal fan de lêzingen is it Nederlânsk.
Ek sjen:
- De takomst fan de Fryske identiteit HYLPEN - In identiteit – guons sykje der in libben lang...
- 52ste rige Akademy-lêzingen De 52ste rige Akademy-lêzingen set op freed 27 novimber 2009...
- Literêre Fjouwerstêdetocht Op 17 jannewaris begjint de Literêre Fjouwerstêdetocht. Dat is in...
- Frysk toaniel noch takomst? Hat it Frysk toaniel noch takomst? Ja, om de blinder...
- Akademy-lêzingen Tiisdei 19 jannewaris 2010 fynt de twadde dei fan de...








