Aisos is net echt

freed 16 desimber 2011

WENEN – Steapels artikels yn kranten en tydskriften, reportaazjes op televyzje, radio en ynternet, lilke brieven en seishûndert oanmeldings – de Eastenrykske seksakademy Aisos hie net te kleien oer belangstelling. Allinne, hy komt der net.

De hiele seksakademy wie in grap fan in Eastenrykske aksjegroep. The Birdcase, sa’t de groep him neamt, wol mei de aksje omtinken freegje foar de leechte fan politike kampanjes en foar de lege Eastenrykske pensjoenen. In wurdfierder seit: “As der gjin politike oplossing komt foar it probleem fan ‘e pensjoenen, dan moatte wy mear bern nimme. Dan is mear seks wol hannich. Boppedat wie ús kampanje in moaie ferpakking sûnder ynhâld. Dêrmei wolle wy politisy dúdlik meitsje dat se net op ‘e selde manier te wurk gean moatte.”

 

Ek sjen:

  1. Ferkiezingssoap – mar dan echt ANTWERPEN – In televyzjethriller om de gemeenteriedsferkiezings hinne: de Flaamske...
  2. Di Rupo wol no echt in Belgysk regear LAKEN – Formateur Elio di Rupo hat de Belgyske kening...
  3. `Ferskriklike snieman bestiet echt’ KEMEROVO – De ferskriklike snieman moat wol bestean. En dan...
  4. In Eastenrykske seksakademy WENEN – In skoalle dêr’t men leare kin hoe’t men...
  5. In robotfûgel dy’t echt fljocht Leonardo da Vinci dreamde der al fan om mei libbensechte...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic