Boarstfergruttings: gefaar of net?
woansdei 21 desimber 2011
Nederlânske froulju by wa’t de boarsten fergrutte binne mei ymplantaten fan it Frânske bedriuw Poly Implant Prothese, moatte dy ferwiderje litte. Dat seit de Nederlandse Vereniging voor Plastische Chirurgie (NVCP). It giet nei rûzing om in pear hûndert froulju. Yn Frankryk hawwe sa’n twatûzen froulju problemen mei lekke ymplantaten. De lekkende silikoanen soene boppedat by njoggen froulju kanker feroarsake hawwe. It Nijs berjochte dêr juster oer.
Yn Grut-Brittannië hat de organisaasje dy’t tafersjoch hâldt op ‘e genêskeunst MHRA froulju mei in ymplantaat fan it Frânske bedriuw krekt delbêde. Neffens de MHRA binne de boarstfergruttings yngeand test en foarmje se gjin risiko foar de sûnens. Likegoed binne sa’n 250 Britske froulju fan doel en klei Poly Implant Prothese oan.
Yn Dútslân hawwe njoggentjin froulju problemen krigen mei lekkende ymplantaten fan it bedriuw. Der is lykwols gjin oanwizing dat de lekkerij by harren kanker feroarsake hat.
Ek sjen:
- Kanker troch boarstfergruttings Sa’n tritichtûzen Frânske froulju mei boarstfergruttings moatte fannijs operearre. De...
- Frânske boarstfergrutter efter de traaljes MARSEILLE – Jean-Claude Mas, de Frânske fabrikant fan boarstfergruttings, is...
- 1400 Nederlânske froulju mei PIP-boarsten HILVERSUM – Der binne yn Nederlân folle mear froulju ast...
- Asperine en boarstkanker By in ûndersyk dat 30 jier duorre hat en dêr’t...
- Min waar en nukleêr gefaar TOKYO – In wike nei de ierdskok en de dêrop...








