Boekpresintaasje Lift! sil wêze op nijjiersdei
tiisdei 27 desimber 2011Tsien jier lang hat in groep jongelju út Wommels liftsjend troch trettjin Europeeske lannen reizge. De aventoeren dy’t hja belibbe ha, steane yn in nij te ferskinen boek mei de titel: Lift!
Wat hja meimakke hawwe stiet sfearfol en mei gefoel foar humor beskreaun. Ferhalen oer ferâldere kaarten, oer plysjes dy’t jins freon wurde kinne, oer in Alvestêdetochtfinish, oer tankstasjonautomaatkofje, oer Jehova’s en oer sunige autoriders. Foar net-lêzers binne de ferhalen te beharkjen op de harkskiif dy’t jo fergees by it boek krije. Mei sprekkende foto’s, sms’kes en Twiits wurde jo troch de lifters meinaam op harren reizen.
Op 1 jannewaris 2012 om fjouwer oere middeis sil it boek presintearre wurde en te keap wêze foar €15,-. Eltsenien is wolkom by de presintaasje yn brún kafee ‘Jimbar’ te Wommels.
By de presintaasje sille in pear moaie anekdoates út de doeken dien wurde en sil it earste boek op ludike wize oanbean wurde. Nei ôfrin is de kroech iepen foar in gesellige nijjiersjûn mei live muzyk. It boek is ek te keap op http://www.stjoerder.nl/liftboek en by Warenhuis Van der Velde yn Wommels.
Ek sjen:
- Boekpresintaasje Rêdbâd DOKKUM – Sneon waard yn de Zero yn Dokkum foar...
- Boekpresintaasje: de Hobbit It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma ‘De Hobbit’ is oerset....
- Troch de wyn: nij boek oer skûtsjesilen EARNEWÂLD – De earste eksimplaren fan it nije skûtsjeboek “Troch...
- Sneon boekpresintaasje Hidde Boersma ...
- Rûnom rekôrhite op Nijjiersdei Der wie al ferwachte dat yn inkele kriten it waarmterekôr...








