EduNordFriisk: online Noard-Frysk leare

tongersdei 22 desimber 2011

BRÄIST – Yn it noarden fan Dútslân leit Noard-Fryslân. Dêr prate in pear tûzen minsken Noard-Frysk. Dy foarm fan it Frysk is no ek te learen op ynternet. De Afûk en it Nordfriisk Instituut hawwe nammentlik tegearre eduNordFriisk ûntwikkele. Dat is in webstee dêr’t men jin op ferdjipje kin yn ‘e Noard-Fryske taal. Der steane bygelyks sêgen en mearkes op, riedsels en gedichten. De teksten wurde foarlêzen en fan elk Noard-Frysk wurd kin men de Dútske oersetting opfreegje troch der mei de mûsoanwizer op stean te gean.

Omdat de Noard-Fryske dialekten bytiden tige faninoar ferskille, kinne de brûkers fan eduNordFriisk kieze út twa farianten. Wa’t him oanmeldt, kriget as earste teksten te sjen yn it dialekt Mooring, dat praat wurdt op it fêstelân fan Noard-Fryslân. It is lykwols mooglik om dy teksten yn te ruiljen foar teksten yn it Fering-Öömrang, dat praat wurdt op ‘e waadeilannen Feer (Föhr) en Oomram (Amrum).

It webstee eduNordFriisk is basearre op eduFrysk fan de Afûk, dat al in pear jier bestiet. Mei eduFrysk kinne minsken it Westerlauwerske Frysk fan Nederlân leare. Yn eduNordFriisk en eduFrysk sit ek in Facebookeftich sosjaal medium, dat men brûke kin om berjochten út te wikseljen mei oare brûkers.

It Noard-Fryske eduNordFriisk is noch net hielendal klear, mar it is al wol te brûken. Wa’t it ris probearje wol, kin him fergees oanmelde. Dat kin op dit adres: www.edunordfriisk.de.

Sa sjocht eduNordFriisk derút:

Ek sjen:

  1. Hypermodern Frysk leare Der hat noch nea sa’n maklike manier west om Frysk...
  2. Online Sealterfrysk leare Op 19 febrewaris organisearje it Friesisches Forum en it Sealter Bûn...
  3. Noard-Frysk harkspul yn fiif talen BRÄIST – Yn it uterste noarden fan Noard-Fryslân leit in...
  4. 18e-ieuske Noard-Fryske wurdlist fûn SINT PETERSBURCH – De Fryske taalkundige Jarich Hoekstra hat yn...
  5. Nije film oer Noard-Fryske taalynstituten De Fryske Rie hat fan ‘t hjerst in film meitsje...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic