Eelco Derks nije direkteur Thialf

freed 23 desimber 2011

IT HEARRENFEAN – Eelco Derks wurdt per 1 maart 2012 de nije direkteur fan Thialf. Hy folget Jarko Nieweg op dy’t op 1 april ophâldt. De nije direkteur wurket ek as haad marketing en kommunikaasje fan Sportstêd Hearrenfean. Mei dy kombinaasje fan aktiviteiten krijt de gearwurking tusken Tialf en Sportstêd Hearrenfean konkrete ynfolling.

Derks hat profesjoneel basketballer west. Nei syn aktive sportkarriêre hat er wurke by de gemeente Rotterdam en by Omniworld yn Almere.

(Tekst: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Provinsje wol nij Thialf op it âlde stee LJOUWERT – Der komt gjin nij Thialf by Sportstêd Hearrenfean,...
  2. Provinsje wol Thialf ferhûzje IT HEARRENFEAN – Der moat in nij Thialf komme by...
  3. Direkteur Smellingerlân nei ‘De Friese Meren’ De tsjintwurdige gemeentesekretaris en de algemiene direkteur fan de gemeente...
  4. Marco van Basten nije trener Hearrenfean IT HEARRENFEAN – Marco van Basten wurdt mei yngong fan...
  5. Van Gaal wurdt direkteur Ajax AMSTERDAM – Ajax kriget takom jier in nije algemien direkteur:...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic