AZ-keeper oanfallen troch hooligan

woansdei 21 desimber 2011

AMSTERDAM – Yn de 36e minút fan de bekerwedstryd Ajax-AZ rint in hooligan it fjild op. De healwize supporter besiket dan AZ-keeper Esteban yn ‘e rêch te skoppen. Dy ferdigenet him en skopt de hooligan twa kear tsjin syn skonken. De keeper krige dêrom fan skiedsrjochter Nijhuis in reade kaart. Dêrnei hellet AZ-trainer Gertjan Verbeek syn spilers fan it fjild ôf. De spilers fan AZ kamen net werom om’t se har net mear feilich fielden. Op it stuit dat de spilers fan it fjild ôf helle waarden stie it 1-0 foar Ajax.

De hooligan kaam fan de noardtribune oer in platfoarm foar ynvalide minsken it fjild op. De 19-jierrige hooligan waard nei it ynsidint fuort ûnderfrege troch de plysje. Hy hie aardich wat alkohol hân en sil de kommende nacht yn ‘e sel trochbringe. De hooligan hie it mier oan AZ-keeper Esteban – dat wie neffens TV-stjoerder EredivisieLive it motyf. By in parsekonferinsje nei de wedstryd die Ajax te witten dat de hooligan nea wer in seizoenskaart fan de klub kriget.

Sjoch ek it YouTube-filmke

Ek sjen:

  1. Ajax stipet HAÏTY De spilersgroep fan Ajax leveret in bydrage fan 3000 euro...
  2. EK: Spanje wint ek lokaal spul VALENCIA – Spanje hat ek de twadde rige wedstriden op...
  3. Jol fuort, De Boer deryn Martin Jol is fuort by Ajax. De Hagenaar sjocht gjin basis...
  4. It Fean fuotballet troch yn pompeblêden IT HEARRENFEAN – SC Hearrenfean hâldt ynearsten syn pompeblêdklean. De...
  5. Keeper Spanje los op freondinne Miljoenen Spaanske televyzjesjoggers hawwe sneintejûn nei de WK-finale tsjûge west...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic