Flaanderen longeret op Nederlânske leararen

freed 16 desimber 2011

BRUSSEL – De Flaamske minister fan ûnderwiis Pascal Smet wol tige graach dat Nederlânske leararen nei Flaanderen ta komme om les te jaan. Dat hat Smet hjoed yn in brief oan syn Nederlânske kollega Marja van Bijsterveldt skreaun. Yn Nederlân reitsje tûzenen learkrêften ynkoarten harren baan kwyt, wylst Flaanderen in grutte krapte oan ûnderwiispersoniel hat. Smet hat Van Bijsterveldt frege oft se ree is om mei te wurkjen oan in program om Nederlânske leararen foar wurk yn Flaanderen te ynteressearjen.

Ek sjen:

  1. Flaanderen wol mear Ingelsk en Frânsk BRUSSEL – Flaanderen wol mear omtinken foar de Ingelske taal...
  2. Leararen hawwe it drok De ûnderwiisgroepen binne yn Nederlân grutter as yn de measte...
  3. Minder Frânske les yn Flaanderen? BRUSSEL – De Flaamske minister fan ûnderwiis Pascal de Smet...
  4. Kilometerheffing yn Flaanderen BRUSSEL – Flaanderen fiert om 2013 hinne in kilometerheffing foar...
  5. Flaanderen hat jild oer Flaanderen slút 2011 ôf mei in oerskot fan hast 97...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic