In Eastenrykske seksakademy

tongersdei 1 desimber 2011

WENEN – In skoalle dêr’t men leare kin hoe’t men oaren seksueel harren gerak jout. It liket in ûnderwerp út in boek of film, mar it is de realiteit. Yn Wenen is ûnder de namme Aisos in skoalle oprjochte foar elk dy’t him of har ferdjipje wol yn de tapaste keunst fan de erotyk.

De earste lessen oan Aisos wurde ein 2012 jûn. Goedkeap binne se net. Studinten betelje foar ien semester (healjier) 1.575 euro. Se binne yntern en wurde achte it learde nachts yn ‘e praktyk te bringen op ‘e mingde sliepseal. Op it program steane praktyske fakken lykas streakjen en neukstantsjes, mar ek teoretyske lykas minsklike anatomy.

Aisos hat in reklamespotsje meitsje litten, mar oant no ta hawwe alle Eastenrykske televyzjestasjons wegere om it út te stjoeren. It is hjirûnder te besjen. Klik hjir foar mear ynformaasje oer Aisos.

Ek sjen:

  1. Aisos is net echt WENEN – Steapels artikels yn kranten en tydskriften, reportaazjes op...
  2. Britten tsjin seksuele foarljochting LONDEN – De Britten binne yn grutte mearderheid tsjin seksuele...
  3. Jonges better yn Ingelsk as famkes GRINS – Jonges binne op skoalle better yn Ingelsk as...
  4. Grinskontrôles yn Eastenryk WENEN – Eastenryk hat wer grinskontrôles ynfierd. Dy duorje oant...
  5. Britten tsiere oer bysûnder ûnderwiis LONDEN – De Britske minister fan ûnderwiis seit dat katolike...

1 reaksje op “In Eastenrykske seksakademy”


  1. dwersbongel
    1 desimber 2011 14:21

    Dit artikel waard jo brocht troch de seksredaksje fan It Nijs.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic