It geheim fan de frou
moandei 19 desimber 2011
AMSTERDAM – “Jûn mar net, leave. Ik ha pineholle.” Sa’n útspraak moat yn tûzenen films en boeken foarkomme. Hy is net allinne klisjee, mar ek noch ûnwier. Want by froulju ferdwynt pineholle nammentlik gauris as se klearkomme. Dat komt, by in orgasme wurde de ieren wider en wurdt der in soad fan de pynstiller endorfine oanmakke.
Dat is ien fan ‘e feitsjes út it boek Het geheim van de vrouw, de nije Nederlânske oersetting fan Le secret des femmes. Dat boek jildt as it grutte standertwurk oer de froulike seksualiteit. It is skreaun troch seksuolooch Yves Ferroul yn oparbeidzjen mei sjoernaliste Elisa Brune en gaadlik foar in breed publyk.
Oare ûnderwerpen dy’t yn it boek oan ‘e oarder komme, binne bygelyks: de evolúsje fan it orgasme, de funksje fan dreamen foar froulju, typen orgasmes en it grutte ferskaat oan mieningen fan froulju oer it belang fan klearkommen. Yn it boek stiet boppedat in wiidweidige boekelist foar wa’t him of har fierder yn ‘e froulike seksualiteit ferdjipje wol.
Het geheim van de vrouw, Yves Ferroul & Elisa Brune (oerset troch Nini Wielink & Alice Teekman). Amsterdam: uitgeverij Contact. 424 siden. ISBN 9789025436179. Priis € 24,95.
Ek sjen:
- Breinscan fan froulik orgasme NEWARK – Wat bart der krekt yn it brein as...
- ‘It geheim fan ‘e Kânselier’ ‘It geheim fan ‘e Kânselier’ is in spannend ferhaal oer...
- Het geheim van Tolsum ‘Het geheim van Tolsum. Een herinterpretatie van een Romeins schrijfplankje’...
- Man ûntspant by grizelfilm, frou fielt stress LONDEN – Manlju en froulju sjogge hiel ferskillend nei grizelfilms....
- Frou hâldt fan bromstim CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim....








